Mefrou Dekker (PvdA): Meri hie net tocht dat it der sa slim foar stie. Der soe troch eardere porte- fúljehâlders net transparant genôch boekhâlden wêze. It nije kolleezje wol oarder op saken stelle en dêr hat de de PvdA respekt foar. It kolleezje hat in trochkyk nei 2008 makke en dêr kin de Pv dA har foar it grutste part yn fine. It fytspaad Grou-Wergea moat lykwols trochgean en it kollee zje moat mei de Brede Zwembadcommissie om de tafel sitten gean. De PvdA hat it hân oer in doelgroepeswimbad. Set it frijkommende jild om nei it fytspaad. Oer 10 jier rekkene giet it dan om in bedrach fan 2 miljoen. Der is wierskynlik in subsydzje en ek út it Fryske Marreprojekt komt noch jild beskikber en dan komt men op sa'n 4 miljoen. De hear Zijlstra (CDA): Men giet der dan fan út dat de oardel ton der úthelle wurdt. Mefrou Dekker (PvdA): Dat is krekt. Mei in oare opset foar it swimbad (mei in kommersjele part ner) kin ek jild genereard wurde. It fytspaad stiet foarop. De PvdA wol de sport stimuleare en is bliid mei it beskikbere bedrach foar de sportfjilden. De precariorjochten kinne ek jild opsmite. De gemeente sil hoeden mei it jild omgean moatte. Sy slút ôf mei de sizwize: 'Ik sjoch op gjin tûzen gûne, sei de man, en hy seach yn it lege jildlaadsje.' Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol de finansjele saken goed yn byld bringe. It is gjin op lossing om alle saken no stop te setten. Der moat in slutende en ferantwurde begrutting komme en dan moat men maatregelen nimme dy't net altyd noflik binne. Hy is der wiis mei dat de fraksjes de nije oanpak wurdearje. De ferfangingsynvestearring: de echt nedige saken hat men oanjûn. Men kin it hiele pakket net trochskowe. Guon partijen wolle de mid office net ynfiere. It sil lykwols foar in goede tsjinstfer- liening nedich wêze. Miskien soe men der wat minder op ynsette kinne. De hear Riemersma (FNP): Wêrom hat de mid office nea earder oan de oarder west? Wethâlder Van der Meulen: It is in stikje automatisearring dy't tusken front office en back office in plak ynnimt en dêr hat men te min omtinken foar hân. Op termyn sille de lesten foar de ûnderwiishúsfesting ôfnimme. Nei oanlieding fan de opmerking fan de hear Zijlstra oer it fytspaad: Hy tinkt dat it yndied net goed yn it stik stiet. It baggerjen fan it Nijdjip moat seker trochgean. Wetterskip Fryslân draacht der ek yn by. De brede skoalle is mear as in gebou en dat konsept kin men net samar fan oare skoallen oer- nimme. Der komme mooglik brede skoallen yn Jimsum,Wergea en Warten. Der is no subsydzje foar beskikber. It hat oant no ta oan in goed belied ûntbrutsen. Hy ûntriedt it dan ek tige om dat belied gjin stal te jaan. Uteinlik moat de boarger betelje. As de ûnreplik saakbelesting net omheech mei dan moat men oanjaan wat dan wol helber is foar de besuniging. De hear Seldenrust (FNP): De boarger soe neffens de wethâlder betelje moatte as der in tekoart is. Der binne flaters makke yn it ferline dy't in protte jild koste hawwe. Foar de dekking fan ekstra kosten foar de ynhier fan tredden is it kolleezje okkerdeis noch te let nei de ried kommen. Wethâlder Van der Meulen: De ynformaasje oer de ynhier fan tredden wie yndied net korrekt. Dêr hat it kolleezje har ekskús foar oanbean. De hear Seldenrust (FNP): Sa krekt is en passant de mid office neamd. It giet mar troch. Men kin net alles op de boargers ôfskowe. Wethâlder Van der Meulen: De ried beslút úteinlik oer de begrutting en hoe't der besunige wurde sil. Pagina 5 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8