De hear Bouma (VVD): Men kin de begrutting net slutend meitsje. De VVD fynt in ferheging fan
20% fan de ûnreplik saakbelesting beskamjend. Maksimaal soe dat 10% wêze moatte. De VVD
bliuwt by de alternative dekking foar it fytspaad. It JOK soe 1 miljoen ynsidinteel en 2 ton struk-
tureel opbringe. Dat soe men earst mar ris realiseare moatte.
De hear Riemersma (FNP): De wize fan boekhâlden kin hy him net yn fine. Hy begrypt dat men it
fytspaad op papier dekke kin. Mar yn 2008 hat men de sinten noch net nedich. As men de
270.000 euro net útjout, dan hoecht men dy ek net te barren. De boargers moat men der net
foar betelje litte om it op papier goed op oarder hawwe te wollen. De ûnreplik saakbelesting kin
mei 10% ferhege wurde. De FNP tsjinnet dêrta in amendemint yn.
Oangeande wurklistpunt 4.4: Foarstel om de begrutting 2008 oan te passen; Onder oare wiziging
fan de feroardening op de heffing en ynfoardering fan leezjes en Onrepiik saak be/êsting
2008(OZB).
De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op 18 desimber 2007.
Yn oerwaging nimmende: in ferheging fan de Unreplik Saak Belesting (OZB) moat plakfine ba-
searre op krekte feiten oangeande de kosten foar de oanlis fan it fytspaad Grou-Warten.
Stelt foar it riedsfoarstel te wizigjen as folget:
Stel de wizigingsferoardening op de heffing en ynfoardering fan de Unreplik Saak Belesting (OZB)
fêst konform de bylage by dit amendemint (ferheging OZB fan 8
De ferheging OZB mei 8% resultearret yn ekstra ynkomsten fan 175.000,00. Dêrfan wurdt
1 23.000,00 brûkt foar it fytspaad Grou-Warten (is gelyk oan 6% OZB). Dit betsjut dat noch
52.000,00 oerbliuwt fan de foarstelde OZB-ferheging.
De hear Gerbrandij (CDA): Oant punt 5 fan de bylage slút de saak aardich. It kolleezje moat mei
goede Onderbouwingen en in goed ynvestearingsplan komme. It CDA stiet foar in ferheging fan
20% fan de Onrepiik saakbelesting. Der is yn de gemeente in goed frijskattingsbelied.
De hear Seldenrust (FNP): Wol it CDA de ynwenners yn byld bringe dy't foar de frijskatting yn de
beneaming komme en dan mar de Onrepiik saakbelesting ferheegje?
De hear Gerbrandij (CDA): Wa't it echt net betelje kin, dy hoecht it net te beteljen.
De hear Van der Sluis (VVD): As men eigner is fan in hûs dan komt men nea yn oanmerking foar
frijskatting.
De hear Gerbrandij (CDA): Dan hat men it ek net krap.
Wethâlder Van der Meulen: Men moat pynlike keuzes meitsje om de begrutting slutend te
meitsjen. It soer is de ferheging fan de lesten, mar dat is nedich foar it trochgean kinnen fan ab-
solút needsaaklike dingen binnen de gemeente. Men moat óf fan 'wishfull thinking' en fan in
kreative wize fan boekhâlden. It kolleezje kiest foar de foarsichtige oanpak. In ynvestearing wurdt
no foar de folie 100% yn de boeken skreaun.
De hear Hemminga (GB): Fait foar de wethâlder de oplossing fan GB ek Onder kreatyf boekhâl-
den? Men kin it artikel fan de BBV op ferskillende wizen ynterpreteare. Dat is legitym.
Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje kiest foar de foarsichtige oanpak. Neffens him kin it net
op de wize dy't GB foarstiet.
Pagina 10
1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/10