4.3 Foarstel om de Neijiersnota 2007 foar kundskip oan te nimmen en om yn te stim-
men mei wiziging fan de begrutting 2007
De hear Van der Meer (GB): Er is nog niets beslist over Grou-Noard. Had er niet rentebijschrijving
moeten plaatsvinden? Hij vergelijkt het met de passage over de kinderopvang.
Mefrou Veldstra (FNP): Op 4 desimber hat der in wiidweidige diskusje west. De portefúljehâlder
woe besykje om it tal beswierskriften te ferminderjen. Hoe wol sy dat oanpakke? Fierder moat
men de nota foar kundskip oannimme.
Wethâlder Van der Meulen: As men oan de ein fan it jier noch gjin plannen hân hie foar Grou-
Noard dan hie men de rintebyskriuwing oanjaan moatten.
De hear Van der Meer (GB): Dat betekent dus ook dat er geen plannen zijn voor de peuterspeel
plaatsen?
Wethâlder Van der Meulen: Men hie Grou-Noard meinimme kinnen omdat der formeel noch gjin
beslút nommen is.
De hear Van der Meer (GB): Dan gaat het college er dus vanuit dat de plannen voor de Grou-
Noard doorgang zullen vinden?
Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje tinkt dat der in goede basis foar de eksploitaasje fan
Grou-Noard leit.
Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Men wil via mediation eerder in het proces met men
sen tot overeenstemming komen. Op deze wijze hoopt men het aantal bezwaarschriften te ver
minderen.
De hear De Visser (PvdA): De pjutteboartersplakken binne net meinommen. Dan soe it dus per
saldo op nul útkomme?
Wethâlder Van der Meulen: Dat kloppet.
4.4 Foarstel om de begrutting 2008 oan te passen; ûnder oare wiziging fan de feroar-
dening op de heffing en ynfoardering fan leezjes en ûnreplik saak belêsting 2008(OZB).
De hear Van der Woude (PvdA): It waard hyltyd minder waar foar de gemeente yn de rin fan it
jier. Men sil it oars dwaan moatte en men is Onder tafersjoch fan de provinsje komme. It nije
adagium is 'Earst fertsjinje en dan pas útjaan'. Men sil pynlike keuzes meitsje moatte en troch de
soere apel bite moatte.
Der is gelokkich wol genôch omtinken jûn oan O.o. sosjale saken, wolwêzen en Onderwiis. De
ried wie en is tsjûge en dielgenoat fan in hiel swier weroerwagingsproses. Dêrtroch is it budzjetr-
jocht wer dêr't it wêze moat: by de ried.
De begruttting 2008 kin slutend makke wurde. Set dan nei punt 5 op side 2 fan de bylage in
streek. De PvdA soe der noch graach in strukturele bydrage fan de brêge yn Wergea by hawwe
wolle.
Neffens him is der net badinearjend oer de ferheging fan de Onreplik saakbelesting praat. De
swaksten hoege gjin noed te hawwen want der is in rom frijskattingsbelied. As de begrutting en
it mearjierreperspektyf wer op oarder binne dan hawwe de algemiene reserve, werstrukturearring,
doarpsfisys, ûnderhâldsplannen en sport de prioriteit fan de PvdA. Hy ropt de ried op om yn ien-
riedigens ta in goede beslútfoarming te kommen.
Pagina 7
1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/7