De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar it opwurdearjen fan de Dillesyl en de Terso- alstersyl De hear Hemminga (GB): It wie in post fan de óf te weagjen posten by de trochkyk. It 'onvermij- deljke' wie dochs doe al bekend? Het 'onvermijdelijke' fanwegen de lekkaaazje sprekt him net oan. Dat sjocht men rûnom by slûzen. Kontraktueel is men wol bûn. By 'ûnútstelber' hat er syn twifels. De argumintaasje 'maatschappelijk onaanvaardbaar' sprekt him ek net oan. De needsaak foar de direkte oanpak sjocht GB dan ek net. De finansiering. De gemeente hat noch gjin belied formulearre dat foldocht oan de bepalingen fan de BBV. Yn 2006 hat der in oanpassing fan de BBV west, mar de feroardering is net oanpast. It belied fan it kolleezje is dus net dutsen troch de feroardering. Hy hat yn desimber frege op hokker bepaling de wethâlder de finansiering baseard hat. Dy koe der gjin antwurd op jaan en doe hat er seis letter it artikel foarlêzen. It is tige frustearjend dat de wethâlder noch de fraksjes fan de Pv dA en it CDA dêrop reageard hawwe. Men hat ek net reagearre op stikken fan de gemeente Tyt- sjerksteradiel oangeande de finansiering. It is spitich dat der oer datsoarte saken gjin diskusje plakfynt. Men moat dúdlikheid hawwe oft it basearre is op de BBV-bepalingen. Oars moat men ek konsekwint wêze lykas by it Fryske Marreprojekt. De hear Vellinga (PvdA): De kapitaallêsten: de earste metoade wykte óf fan wat winsklik wie. It kolleezje hat dat korrisjearre. It jild moat earst fertsjinne wurde foardat dat it útjûn wurdt. Dat fynt de PvdA in goede metoade. As it jild binnen komt dan kin men it brûke. De ried hat har altyd útsprutsen foar it op peil bringen fan de algemiene reserve. Wat is de prioriteit? De oanpak fan de silen is needsaaklik fanwegen de minne steat. De PvdA-fraksje fynt dat it wol oanpakt wurde moat. Men sil yn de takomst wol mear mei prioriteiten konfrontearre wurde. Hoe tinkt de provins- je lykwols oer de útjefte? De hear Riemersma (FNP): Der moat wol wat barre oan de silen. De rinketten steane iepen en dan seit sa'n opmerking oer lekkaazje net safolle. De FNP hat har fernuvere oer de wize fan fi nansiering. As de subsydzje wis is, dan kin dy der ófhelle wurde en dan hoecht men allinne te ynvestearjen yn it oerbliuwende part. De subsydzje giet yn de algemiene reserve as in earmerke subsydzje. By it fytspaad moast dat ek sa neffens de BBV. GB tinkt dêr lykwols oars oer. De finansiering sa't earst foarsteld waard sprekt him mear oan en dat soe dan ek foar it fytspaad jilde moatte. Der sit no wol in goed miljoen oan earmerke jild yn de algemiene reserve, mar men moat dan ly kwols mear as 1,3 miljoen yn de plus stean foardat men der wat mei kin. It kostet no neffens syn berekkening 1222 euro mear yn it jier. Kloppet syn berekkening? As dat net sa is dan wol er graach in totale berekkening sjen. Moat de algemiene reserve earst yndied mear as 1,3 miljoen yn de plus stean foardat men der oare saken fan dwaan kin? Komt men fi- nansjeel yn de knoei as men de wize fan finansiering fan 8 jannewaris tapast? It wetter is neffens de tekening yn de Legean heger as yn it bûtenwetter en it noarden en suden binne ek ferwiksele. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is it gruttendiels mei de wurden fan de hear Vellinga iens. It ûn- derhâld is tige nedich en der is in ferplichting fan it wetterskip. Is it op koarte termyn út te fieren? Wethâlder Van der Meulen: Hy biedt syn eksuzes oan foar de foarm fan it earste foarstel. Yn desimber hat men hiel wat saken by de kop hân. De Dillesyl siet yn de óf te weagjen posten. It is oan de ried om der foar te kiezen oft it wol of net trochgiet. De silen lizze der min by en it wet terskip ferplichtet de gemeente kontraktueel ta de oanpak. Men hat sjoen nei de mooglikheden foar subsydzje. De Dillesyl is ek ûnfeilich yn gebrûk. As men it net oanpakt, dan moat men letter Pagina 7 1 03 Riedsferslach 22-1 -2008/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10