dochs de technyske oanpassings útfiere en dan sil it mear kostje. Troch de subsydzje kin men ek in part fan it regulier ûnderhâld útsparje. It kolleezje wol de keazen beliedsline oanhâlde en dat kin binnen de BBV. It kolleezje kiest dêrby foar de foarsichtige metoade en dat past binnen de finansjele posysje fan de gemeente. De kos ten binne yn de begrutting helder yn byld. De hear Riemersma (FNP): By it fytspaad hat men ek frege om de subsydzje derôf te heljen. Doe wie it antwurd dat it neffens de BBV net mocht. Wethâlder Van der Meulen: Hy reagearre op in stik dat GB omstjoerd hat. De hear Hemminga (GB): De oare gemeenten basearje har ek op de BBV. Men moat yn it ramt fan de BBV in finansjele feroardering fêststelle, dêr't men yn oanjout hoe't men mei ditsoarte fan saken omgiet. As men konsekwint is dan moat men it ek op it Fryske Marreprojekt tapasse. Der is no gjin dúdlikheid. Wethâlder Van der Meulen: De dúdlikheid is de beliedsline fan it kolleezje. Hy sil útsykje oft de feroardering uptodate is en dêroer rapportearje. De hear Hemminga (GB): Hy fynt dat dit soart saken yn de auditkommisje oan de oarder komme moatte. Mefrou Dekker (PvdA): Sy merkt op dat sy troch de beammen it bosk net mear sjocht. De ried soe mear ynformaasje oer de BBV hawwe moatte. De hear Van der Woude (PvdA): Hy wol dan wol witte wat de eventuele mooglikheden binne. Wethâlder Van der Meulen: It is oan de ried om mear ynformaasje oer de BBV te krijen. Griffier Frensel: Het lijkt hem een goede suggestie om eens met de raad naar de BBV te kijken, nadat men eerst in de auditcommissie een aanzet heeft gegeven. Wethâlder Van der Meulen: Rinketten steane soms tiden iepen as der gjin behearder by is. De betsjinning fan de slûzen is op dit momint ûnfeilich. Ek de technyske steat fan de steigers is gefaarlik. Der sil nei de tekeningen sjoen wurde. De organisaasje hat al tariedingswurk dien. De oanbeste- ging fynt de oare deis plak. De oannimmers moatte it wurk op tiid útfiere kinne. Neffens it proto- kol sil it oan de provinsje foarlein wurde. Hy giet der fan út dat it goedkard wurdt. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Hy hat op net ien fan syn 4 fragen in antwurd krige. Hy sil de fragen oan de wethâlder takomme litte en wol dan graach in antwurd dêrop. Wethâlder Van der Meulen: Seit dat ta. De hear Hemminga (GB): Straks binne der alderhanne saken 'onvermijdelijk'. De prioriteit dy't de- roan jûn wurdt, kin GB him net yn fine. Allyksa net yn de finansiering. Wethâlder Van der Meulen: De hear Hemminga soe de slûzen besjen kinne om sa de needsaak fan de oanpak fêst te stellen. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Pagina 8 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11