10 MINUTEN SKOFT 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar it opwurdearjen fan de Dillesyl en de Terso- alstersyl De hear Riemersma (FNP): Hy hat wat opmerkingen oer de finansiering makke. Fierder is de FNP foar it foarstel. De hear Flemminga (GB): De finansiering is net korrekt en dêrom is GB tsjin it foarstel. De foarsitter: Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. 4.3 Foarstel ta it beneamen fan in meiwurker op de griffy. De foarsitter: Der wurdt persoanlik oer dit foarstel stimd. De hearen Seldenrust, Vellinga en Zijl stra foarmje de stimkommisje. De hear Zijlstra (CDA): Alle 14 stimmen binne útbrocht op mefrou A. de Boer-de Jong. De foarsitter: Hy felisitearret mefrou De Boer mei har beneaming. 4.4 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Der binne gjin fragen. 4.5 Slute De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slüt de gearkomste om 22.30 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 1 9 febrewaris 2008 de griffier/ de foarsitter, drs. M. F ensel mr. P. Schadd-de Boer Pagina 9 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12