BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 22 jan- newaris 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Gerbrandij Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser en de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hear J. Hemminga fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra fan de FNP: en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries Fan de jongereinried: Bram de Groot Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) Mei kundskip ôfwêzich: mefrou P. Schadd-de Boer (boargemaster), mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) en de hear S. van der Meer (GB2000) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De foarsitter iepenet de gearkomste en hyt alle oanwêzigen wolkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Freget oft men punt 4.2 ek yn it mieningsfoarmjende diel opnimme wol. Hy stelt fêst dat dy winsk by de ried libbet. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 18 desimber 2007 De hear Hemminga (GB): Op side 10 omskriuwe dat er de wethâlder spesifyk nei it artikel fan de BBV frege hat en dat dy dêr doe gjin antwurd op hie. De hear Hemminga (GB): Op side 12 oanjaan dat er artikel 62, twadde en tredde lid fan de BBV en de taljochting dêrop foarlêzen hat. De foarsitter: Mei de wizigingen wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Gjin fragen of opmerkingen. 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4