2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Van der Meulen: Der hat oerlis west oer it previntyf tafersjoch fan de provinsje. Yn haadlinen leit der in stik. Men is dwaande mei de provinsje om ta in ferfining te kommen. It ramtwurk wurdt no fierder ynfold. As dat klear is, dan wurdt dat oan de ried meidield en kin in fierdere diskusje plakfine oer de prioritearring fan stikken dy't yn desimber ûnder de streek stie- De hear Van der Woude (PvdA): Is it in oerienkomst tusken Deputearre Steaten en kolleezje of tusken Deputearre Steaten en ried? As dat léste it gefal dan wol er graach fan de Ontwikkelingen op 'e hichte bliuwe. Wethâlder Van der Meulen: It haadramtwurk is dizze dei oankommen. It moat noch analysearre wurde. De hear Van der Woude (PvdA): Is it in oerienkomst tusken de ried en Deputearre Steaten of in oerienkomst mei it kolleezje? Wethâlder Van der Meulen: It ramt wurdt troch de provinsje oplein. It kolleezje wol dér noch in fierdere taljochting op hawwe. As dat dúdlik is dan wurdt it oan de ried foarlein. De hear Bouma (VVD): Der binne by it tafersjoch in tal spulrigels dêr't men oan foldwaan moat. As men noch Onderhannelje kin dan soe er dér ek graach mear fan witte wolle. Wethâlder Van der Meulen: Der sit noch wat ynterpretaasjeromte oer de wize fan tafersjoch en dér moat earst mear dúdlikheid oer komme. As dy der is dan wurdt de ried ynformearre. De hear Van der Woude (PvdA): Freget nochris tusken hokker partijen de oerienkomst sluten wurdt. Wethâlder Van der Meulen: As dúdlik is dat it in oerienkomst tusken de ried en Deputearre Stea ten is dan moat de ried dêryn partisipearje. It ramt dat no foarlein wurdt is de basis dêr't men oan foldwaan moat. De kommende tiid moat it noch spesifearre wurde. Mefrou Dekker (PvdA): As de wethâlder noch net wit tusken wa de oerienkomst sluten wurdt dan moat er dat sizze. Wethâlder Van der Meulen: As it liedt ta in oerienkomst mei de ried dan wurdt de ried dêrby be- lutsen. Mefrou Dekker (PvdA): As it de wethâlder net dúdlik is dan sil er de oare deis dêrnei ynformearje moatte en dan sil er de ried ynformearje moatte fia de mail. Wethâlder Van der Meulen: Men moat it earst analysearje en dêrnei de ried ynformearje oer de ferfolchstappen. Mei it algemiene ferhaal fan desimber is men der noch net. De hear Hemminga (GB): Hy konstatearret dat der gjin antwurd jûn wurdt op de fraach tusken wa't de oerienkomst sluten wurdt. Wethêlder Van der Meulen: Blykber is syn formulearring net dúdlik genôch. It is no noch net duid lik oft men überhaupt in oerienkomst slute kin. Pagina 2 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5