b. Mienskiplike Regelingen Gjin fragen of opmerkingen. 2.2 Foarstel om kundskip te nimmen fan de start fan de ynspraak en it foaroerlis oangean- de it foarûntwerp fan it bestimmingsplan Bûtengebiet. Wethâlder Minkes: Der binne 10 plankaarten fan it bestimmingsplan bûtengebiet. Yn de earste ynspraak is der de romte om derop te reagearjen. It is no 10 jier lyn dat it bestimmingsplan bû- tengebiet ôfkard is. Sy memorearet yn it koart de skiednis. Men hie te meitsjen mei grûnbûne en net-grûnbûne agraryske bedriuwen. Men koe it net iens wurde mei de provinsje oer de agraryske bouflakken. Men hat dêroer no neffens har mei de LTO in goede konsensus. Dêrneist wie der noch in proseduere mei de Rie fan Steat. Der is tuskentiids in nije wetjouwing op it mêd fan na- toerbeskerming, lucht- en boaiemkwaliteit en de argeology. De gemeente moast dêrom opnij begjinne. Op 4 febrewaris giet men mei de PB-en om tafel en letter yn de moanne binne der ynrinjûnen en ynrinmiddeis. De reaksjes wurde ferwurke en dêrnei komt it ûntwerpbestimmingsplan. Dan kinne der sjenwizes komme; it giet dêrnei nei de ried en dan geane de beswier- en beropsprosedueres yn. It is tige wichtich dat men it foaroerlis yngiet mei de LTO en de oare organisaasjes. De hear Riemersma (FNP): De FNP is bliid dat der einliks in bestimmingsplan bûtengebiet is. Der is in feroaring yn ferliking mei de de yntegrale fisy: de NGE's. Foar in stikje grûn tusken Mar en Poel by Terherne woe de FNP graach natoer as bestimming hawwe en dat is no ek sa wizige. Mei de 25 NGE's mei de boer noch 28 hektare grûn hawwe en maksimaal 21 kij hawwe. Dat li- ket him wol in protte ta. Oangeande de Ijochtfersmoarging: Men kin yn it bestimmingsplan easken stelle op grûn fan de wet miljeubehear. De hear Van der Sluis (VVD): Yn 2002 binne de útspraken fan de Rie fan Steat kommen. Guon boeren hawwe in boublok krigen yn it bestimmingsplan bûtengebiet. Dat is net opnommen yn de plankaarten en dat soe wol moatte. De kaarten moatte goed bywurke wurde. Spitigernôch fynt men in grut tal saken, dêr't fergun- ning foar oanfrege is fia artikel 19 lid 1, net werom. Men moat jin skamje dat men mei sokke kaarten komt. De hear Vellinga (PvdA): De ried hoecht gjin ynhâldlike beoardieling te jaan yn dit stadium. Yn de ynlieding wurdt fan it bestimmingsplan sein 'als zijnde van behoudend karakter'. By de behanne- ling fan de yntegrale fisy hat de PvdA oanjûn dat it op it mêd fan miljeu wol wat minder behâl- dend wêze moatte soe. De ôfwachtsjende hâlding is by it foarûntwerp noch oanwêzich. Kin dat noch foar it definitive stik oanpast wurde? Der is gjin regeling foar wynmûnen opnommen yn it bestimmingsplan. Is it kolleezje op 'e hichte fan plannen fan klustering fan wynmûnen? De provinsje wol yn it streekplan lytse doarpsklusters tastean. De gemeente hat twa doarpsmûnen. Wat docht de gemeente mei dy inisjativen? Hy fynt dat de winsk fan Dearsum foar de wynmûne wat oars behannele wurde moat. Hoe stiet it mei de oare alternative enerzjyboarnen yn it bûtengebiet? De Ijochtfersmoarging. Soe it net ferstannich wêze om regels foar Ijochthinder op te nimmen yn it bestimmingsplan? Hy hopet dat der in sinfolle útwreiding op dit mêd komme kin yn it bestim mingsplan. De hear Zijlstra (CDA): Is it de PvdA in fertraging wurdich om earst in diskusje te fieren oer it wynenerzjybelied? Pagina 3 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6