De hear Hulshof jout mei help fan sheets in presintaasje oer de ferpleatsing fan de sport. De hear Bouma (VVD): It bosk soe kompinsearre wurde. De provinsje freget kompinsaasje mei wiete natoer. Hoe sit dat krekt? De hear Van der Sluis (VVD): Der kinne 104 wenningen op de Nesserdyk boud wurde. Wat foar sekerheid hat men foar de 38 kontinginten út BOSL en hoe sit dat mei de oare 66 kontinginten? De hear Seldenrust (FNP): Hy sprekt de kompliminten út foar de presintaasje. De kompinsaasje foar de wiete natoer: wat kostet dat ekstra? Oangeande de bysûndere posysje fan TVG. De beide partijen moatte om de tafel. Oft dy der net út komme wat kin de gemeente dan noch dwaan? Hy wol ek graach ynformaasje oer de kontinginten. Is it net de saak fan it kolleezje om mei in foarstel foar de eksploitaasje fan Meinga nei de ried te kommen? De eksploitaasje moat neffens de hear Hulshof op nul útkomme. Is der gjin mooglikheid dat men û.o. troch de wenningbou oan de Nesserdyk der jild oan oer hâldt? De hear Zijlstra (CDA): Hy slút him by dat léste oan. Hy sprekt ek syn kompliminten út foar de presintaasje. It CDA hat ek respekt foar de partijen dy't der mei dwaande west hawwe. Hy docht in suggestje dat men in sponsorloop hâldt. Hoe kin men foarkomme dat de sportferienings út de oare doarpen oan de koarte ein komme? De hear De Visser (PvdA): Der binne (Europeeske) oanbestegingregels. Kin men mei de SHP dér- om hinne? De hear Hulshof: Op het moment dat men de kapaanvraag doet, komt de provincie om de hoek. Als het bos er al 20 jaar of langer staat en men wil kappen dan moet men twee keer zo veel compenseren. Men zoekt een oplossing met werk dat er al is. De 4 hectare natte natuur is dus bedoeld als compensatie voor het Grouster bos. Er komen 37 contingenten voor de Prinsessenbuurt. De rest komt uit BOSL. Deze zijn in een brief zeker gesteld. Het complex Nesserdyk heeft nu bepaalde opbrengsten en kosten. Bij Meinga zal de exploitatie waarschijnlijk duurder uitvallen in de exploitatie. De raad gaat over de begroting. Tot nu toe heeft men geen ruimte kunnen vinden om er geld aan over te houden. Er zijn ook wo ningen waar een behoorlijk sociaal aandeel in zit. SHP heeft op het randje gestaan om ermee te stoppen. Er blijft zijns inziens geoormerkt geld over. De 3,4 miljoen ligt onder de Europese aanbe stedingsnorm van 5 miljoen, maar er zit een risico in en daarom houdt het de aandacht. Wethâlder De Vries: Hy hat noch gjin senario te lizzen as Sportcentrum Grou en TVG der net út- komme. As dat wol it gefal is dan sil de gemeente mei in plan komme. Hy tinkt yndied dat men der gjin jild oan oer hâldt. Der komt in prachtich sportkompleks. Hy kin him de gefoelens fan de oare sportferienings yn de gemeente foarstelle. Dy wienen binnen de SAR lykwols wol belutsen by de plannen. Der lizze neffens him ek wol mooglikheden foar de oare sportferienings om gebrûk te meitsjen fan de fasiliteiten fan it nije sportkompleks. Wethâlder Minkes: Binnen BOSL komt men nochris in kear gear oer de kontinginten foar de Nes serdyk. De hear Seldenrust (FNP): Dan stiet it dus miskien noch wol faai? Pagina 5 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8