De hear Van der Sluis (VVD): Hy freget nochris nei de 104 wenten. Der komme 37 kontinginten foar de Prinsessebuert. 38 kontinginten komme miskien út BOSL. Der bliuwt in gat fan 30 oer. Wêr komme dy wei? Wethâlder Minkes: Der binne trije potsjes: De werstrukturearring, de twadde trâns knipepuntepot BOSL en de frije kritearia. Men hat earder yn BOSL in presintaasje jûn fan de plannen fan de Nes- serdyk en as de plannen finaal binne dan wurdt it nochris foarlein. Men hat gjin oanwizing dat men de kontinginten net krijt. De foarsitter: Betanket de hear Hulshof foar de presintaasje. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om in tariedingbeslút te nimmen foar it fergrutsjen fan de lisboksstâl op it per- seel Snitserdyk 2 yn Raerd. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen ta it fergrutsjen fan in lisboksstâl op it perseel Pôle 13 yn Poppenwier. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om ûnder betingsten yn te stimmen mei de bydragen foar lytse rekreative foarsjennings. De hear Seldenrust (FNP): De FNP is it der wol mei iens. Binne der ek oanfragen dy't net honore- arre binne? As dat sa is wêrom binne dy net honorearre? De skaadfraksje mist faak de bylagen en tekeningen. Hy soe foar harren ek graach de bylagen en de tekeningen derby lizze. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is bliid mei it foarstel. Hy stipet it fersyk fan de FNP oer de bylagen. De hear Hemminga (GB): Falie de rekreative foarsjennings ûnder it bedrach foar de rekreaasje- aktiviteiten? Wat is it de krekte ynterpretaasje fan maatskiplik rendemint? Wat binne de kosten fan de amtlike oeren? Kosten en baten moatte foar inoar oer ôfwoegen wurde. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is bliid dat men sokke oanfragen honorearje kin. It is spitich dat der mei de jierwikseling wer in protte skea oanbrocht is. It CDA stipet it fersyk oer de bylagen. Wethâlder De Vries: It fersyk oer de bylagen soe men yn it presidium beprate moatte. Hy sprekt syn tank út foar de kompliminten. Der sit faak in hiel grut gefoel achter de lytse oanfragen. Der sit net in protte tiid yn de ferwurking fan de oanfragen. Der sit mear tiid yn om de doarpen achter de fodden te sitten. Net elke oanfraach wurdt honorearre, omdat it net binnen de kritearia fait. Hy seit ta dat hy der in listke fan takomme lit. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Maatskiplik rendemint is dus de emoasje by de oanfregers? Wethâlder De Vries: Nee. Hy woe sizze dat net altyd it bedrach bepalend is foar de gefoelens dy't by in oanfraach libje. Pagina 6 1 03 Riedsferslach 22-1-2008/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9