Wethâlder De Vries: Men moat tastimming fan de provinsje hawwe. Der is net in sinjaal dat it net yn oarder komt. It stribjen is dat de mûne wer draait en dat men ek minsken derhinne bringt om sjen te litten hoe't sa'n mûne wurket. De ried soe ek nochris sjen kinne hoe't dat yn syn wurken giet. Der is wol entûsjasme foar it mûnerswurk, mar der is noch wol ferlet fan minsken dy't in mûne betsjinje kinne. De ried wurdt op 'e hichte hâlden fan de fierdere ôfwikkeling. De tiid is krap en it is moai meinommen dat men twa wike winst oan tiid meinimme kin. De hear De Visser (PvdA): De proseduere sil gjin ynfloed hawwe op de fergunningen. It gie him om de terminen. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): Op 10 oktober is der kredyt beskikber steld. Mar hoe reagearret de provinsje? Der stiet yn it stik dat men al folie earder mei de bou begjinne moat. De hear Zijlstra (CDA): Merkt op dat it wetterskip by klusterbuien in berop dwaan kin op mûnen. Wethâlder De Vries: Dat léste kloppet. Hy hat him fersind oangeande de tastimming fan de pro vinsje. It kredyt is al ferstrekt en it hoecht dus net mear foarlein te wurden. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Solidêr mei it Tibetaanske folk Mefrou Veldstra (FNP): Alle jierren wurdt de folksopstân yn Tibet betocht. De Tibetsupportgroep hat in brief oan alle gemeenterieden stjoerd mei it fersyk om op 10 maart de Tibetaanske flagge op it gemeentehûs út te hingjen. Der binne gjin kosten oan de flagge ferbûn. Ym 2009 is it 50 jier lyn. Mei it each op de Olympiade soe it no in goed sinjaal wêze kinne. Sy hat seis sjoen hoe't de minsken dér behannele wurde. De foarsitter: Op verzoek van mevrouw Dekker wordt er kort geschorst. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan mevrouw Dekker. Mefrou Dekker (PvdA): It giet om ynternasjonale polityk en der kinne mear fan soksoarte oanfra gen komme. De PvdA stiet der wol posityf foar oer. De hear Hemminga (GB): GB hat ek sympaty foar it Tibetaanske folk. Mar it is net oan de ge- meenteried om oer soksoarte saken te praten. Want dan kin men wol foar hiel wat lannen út de wrâld aksjes ferwachtsje. Hy is derop tsjin dat der mei de Tibetaankse op it gemeentehûs flagge wurdt. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD tinkt der krektsa oer. De hear Gerbrandij (CDA): Hy tinkt der krektsa as de hear Hemminga oer. Syn fraksje tinkt lyk- wols net gelyk. De hear Riemersma (FNP): Nei oanlieding fan de opmerking fan de hear Hemminga merkt er op dat er net tinkt dat der in protte lannen binne dy't yn in likense situaasje ferkeare of ferkeard hawwe as Tibet. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. Het voorstel wordt met 11 stemmen voor en 5 stemmen tegen aangenomen. De vlag zal op 10 maart uitgehangen worden. Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 4 maart 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10