Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Daar kan zij nu geen uitspraak over doen. De hear Seldenrust (FNP): As de stjoergroep foar 1 april mei ynformaasje nei de ried takomt, dan nimt er oan dat de fertroulikheid derôf giet. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder)De vertrouwelijkheid zal er dan inderdaad afgaan. Dit zal bij de aanbiedingsbrief van het voorstel gemeld worden. De hear Zijlstra (CDA): Sitte der noch oare leden yn de bestjoersgroep? Wa is de projektlieder? Hoe binne de oerskriedingskosten feroarsake? De foarsitter: Hy wiist derop dat men net ynhâldlik op dy saken yngean kin. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij kan nog niet zeggen wanneer de scholen er komen. De heer Ter Haar is aanspreekpunt voor het projekt. Verder zitten mevrouw De Vries en de heer Jelsma in de stuurgroep. De hear Riemersma (FNP): As men no mear jild foar de earste faze nedich hat as begrutte is, dan sil dat foar de rest dochs gefolgen hawwe? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het project is opgeknipt in fases. Het laatste halfjaar kan men niet binnen het budget van het project voor die fase blijven. Het hoeft evenwel niet te betekenen dat men aan het eind tekort komt. 2.2 Presintaasje troch de plysje oer bestjoersrapportaasje en jierplan 2008 De hear Melchers jout mei help fan in hand-out in presintaasje fan de bestjoersrapportaazje en it jierplan 2008 fan de plysje. De hear Seldenrust (FNP): Binne der noarmen foar it tal kontrôles? De hear Melchers: Der binne yndied noarmen foar. Dêrneist kin men sjen wat it echte tal proses- ferbalen west hat en oft men oan dy noarm foldien hat. Mefrou Esser (PvdA): It liket har dat by it dragen fan de gordel net safolle mear te heljen is omdat de minsken der hyltyd mear ta wend binne. De hear Melchers: Dy fiver is yndied hast leechfiske. Dat jildt ek foar it dragen fan de helm. Oer de noarm wurdt lykwols op regionaal nivo beslist. De hear Hemminga (GB): Sokke sifers soenen yn feite posityf wurdearre wurde moatte. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij vindt dat een terechte opmerking. De hear Melchers: Hy merkt noch op dat men oan de griene flakken sjen kin dat de plysje hiel tef- reden wêze kin oer 2007. De hear Seldenrust (FNP): De stellerij út boaten is oars wol trije kear sa grut wurden. De hear Melchers soe net allinne de geunstige sifers neame moatte. De hear Melchers: Hy kin it earste net ûntstride. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 4 maart 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6