De hear Hemmiriga (GB): Der binne yn 2007 63 meldingen fan oerlêst troch jeugd. Op de oare side stiet dat der fan de horeka mar 2 meldingen binne. Is der in relaasje? De hear Melchers: Dy twa kin men apart hâlde. De hear Zijlstra (CDA): Oangeande it oersicht fan stigers en dalers. By melding oerlêst jeugd giet it wol omheech en dat jildt ek foar it riden Onder ynfloed. De hear Melchers: Wiist derop dat 2005 in kearnjier is. It tal meldingen fan oerlêst troch jeugd is yn 2007 wer sakke. Mefrou Dekker (PvdA): Hoe stiet it yn ferhâlding mei de lanlike sifers? Hoe wurdt der mei ditsoar- te dingen omgien? Sy hat hjir en dêr ris op gearkomsten peild hoe't de minsken deroer oardielje. Sa'n 95% is hiel tefreden oer de ôfhanneling troch de plysje. De hear Melchers: Hy wit net hoe't it lanlik leit. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij kan melden dat het team van Boarnsterhim en Tyt- sjerksteradiel de meeste groene vakjes heeft gehaald. De hear Van der Woude (PvdA): Hy socht nei saken oangeande drugs. Sit dat earne yn ferbur- gen? De hear Melchers: Men moat bygelyks in tal himpplantaazjes opromje. Men is dwaande om yn kaart te bringen hoe't it sit mei it gebrûk fan drugs en it hanneljen dêryn. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD makket him soargen oer it tal jonge fertochten. Dat is tige omheech gien. Der is mar ien nei in HALT-projekt ferwiisd. De hear Melchers: Hy komt dêr by it jierplan 2008 op werom. De hear Bouma (VVD): Hat men noch minsken oppakke kinnen nei oanlieding fan de ûnrêst by de jierwiksel yn Akkrum? Kin de skea ferhelle wurde? De hear Melchers: Der is doe ien oppakt en dêrnei binne noch twa oanhâldingen dien. Mei help fan filmkes op Youtube kin der miskien noch mear oan de saak dien wurde. De hear Van der Sluis (VVD): Soenen der net mear jongeren op in HALT-projekt ynset wurde kin- De hear Melchers: It is tige fan belang dat der kontakt mei de jongeren is en dêr sil ek mear op ynset wurde. Gauris is in oertreding net 'HALT-waardig'. De hear Zijlstra (CDA): De hear Melchers wiisde op de ferantwurdlikheid fan de âlders by jonge ren yn in skuorke/keet. Mar hy makket him soargen oer de brânfeilichheid. Wurdt dêr ek nei js- oen? Op side 11 stiet dat de plysje har soargen makket oer it tafersjoch yn de nachtlike oeren. Kin men in rapportaazje krije oer de proefperioade? De hear Melchers: Der sil nei in moanne al ynformaasje oer dy proefperioade komme. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 4 maart 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7