De foarsitter: Zij stelt vast dat sommige fracties er niet voor voelen om het naar het besluitvor mende deel over te laten gaan. As A-stik nei de ried fan 18 maart. 3.3 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar it gebiet Wettertoer te Nes, pleatslik Dit punt is nei 4.2 fan it beslútfoarmjende diel ferskood. 3.4 Foarstel om meiwurking ter ferlienen oan it ferpleatsen en fernijen fan in poldermûne op it eilân De Burd mei tapassing fan in frijstellingsproseduere op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de WRO. Dit punt is nei 4.3 fan it beslútfoarmjende diel ferskood. 3.5 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en meiwurking te ferlienen oan de bou- oanfrach oangeande in appartemintengebou op it perseel Pean 1 te Nes mei tapassing fan in frij stellingsproseduere op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de WRO. De foarsitter: As A-stik nei de ried 18 maart. 3.6 Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar it foar in diel feroarje fan it wenhûs op it perseel Rijksweg 10 te Jirnsum mei tapassing fan in frijstellingsproseduere op grün fan artikel 19 lid 1 fan de WRO Dit punt is fan de aginda ôfhelle. Foar de oergong nei it beslútformjende part is der in koart skoft. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Der binne gjin fragen. 4.2 Foarstel om yn te stimmen mei de begruttingswiziging Wsw De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om meiwurking ter ferlienen oan it ferpleatsen en fernijen fan in poldermûne op it eilân De Burd mei tapassing fan in frijstellingsproseduere op grün fan artikel 19 lid 1 fan de WRO. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is entûsjast oer de ferpleatsing fan de Borgmolen. Kart de provinsje it goed? Tinkt de hear De Visser dat de boufergunning no binnen is? De hear Riemersma (FNP): De FNP is it iens mei it foarstel. Op side 2 stiet 'De molen zal na res tauratie en verplaatsing weer een (hulp)bemalingsfunctie kunnen uitoefenen'. Hy hopet dat it echt bart, want sa'n mûne moat brükt wurde. De hear Hemminga (GB): Hy nimt oan dat men pas begjint te bouwen as alle fergunningen der binne. Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 4 maart 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9