De hear Heeringa (gemeentesekretaris): Men zal de zaak zodanig beschermen dat Leeuwarden
niet in het e-mailverkeer van Boarnsterhim kan kijken. Alleen maar in datgene waarover afspraken
gemaakt worden.
Mefrou Meinderts (CDA): Siteart út it stik: 'Er blijft een zeer kleine kans dat een derde partij de
Europese Commissie vraagt uit te spreken dat gehandeld is naar Europees aanbestedingsrecht.
Als de uitspraak negatief uitvalt, kan de Europese Commissie de lidstaat Nederland adviseren te
bevorderen dat de gemeente Boarnsterhim alsnog gaat aanbesteden naar Europees recht.' De
kâns is lykwols tige lyts en it tapaste rjocht is baseard op in wetlike regeling.
Twadde termyn
Mefrou Dekker (PvdA): It is har wol dúdlik wurden. It is net alhiel sûnder risiko's. Sy hâldt it kol-
leezje deroan dat de riedsleden beskerme tsjin it ynsjen fan har e-mailferkear troch Ljouwert.
De hear Hemminga (GB): Dêr is hy net sa benaud foar, want sokke grutte geheimen komme net
yn it e-mailferkear foar. Hy tinkt dat de risiko's mear teoretysk fan aard binne.
Mefrou Dekker (PvdA): Sy is it net iens mei de bagatellisearring troch de hear Hemminga. Sy hat
mar ien e-mailadres en dat is ek har privee-adres.
De hear De Visser (PvdA): Yn de feroardering moat 'aanbesteding' 'aanbesteden' wêze. Watfoar
funksje hat artikel 3 fan de feroardering?
Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Dat het college belast is met de uitvoering. Men kan
het mandateren aan de ambtenaren. Dat moet volgens voorschrift in iedere verordening herhaald
worden.
Het college zal ervoor zorgen dat het e-mailadres van mevrouw Dekker beschermd wordt. Het
lijkt haar verstandig om zakelijk en privé in het e-mailverkeer te scheiden.
De foarsitter: As A-stik nei de ried.
3.4 Foarstel ynhier fan tredden
Ek by dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer.
De hear Bouma (VVD): De beslisbeam wurdt yn feite net konsekwint tapast. It is net begrutte en
dat hâldt yn dat it út ûnfersjoen komme moat. It is in iepen ein en dan sil de provinsje der wat
fan sizze moatte. Kin it dan wol? Der wurdt no sein dat men gjin útfiering jaan kin oan it amen-
demint fan de PvdA. As men gjin regulier bedrach opnimme kin yn de begrutting dan kin men der
ek net mei ynstimme.
De hear Zijlstra (CDA): Hoe komt it dan mei de tsjinstferliening en de kontinuïteit fan de organis-
aasje?
De hear Bouma (VVD): Dat is in saak fan it kolleezje. Dat heart foar genóch finansjele middelen te
soargjen.
De hear Zijlstra (CDA): De konsekwinsje is, as men it der net mei iens is, dat de tsjinstferliening
nei de boarger ta net garandearre is. Wat fynt de VVD dêrfan?
Pagina 9
1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/9