De hear Bouma (VVD): Dêr kin men noch wol in hiele jûn oer prate. PB'en hawwe in miening jûn. Men kin lang en breed prate: der is gjin jild. It sil neffens de VVD allinne mar eskalearje en dat sil op in doer noch slimmere gefolgen foar de gemeente hawwe. De hear Zijlstra (CDA): It moat dus neffens de VVD wol trochgean, mar men kin der net mei yns- timme. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat ek wol beswieren tsjin it stik. Yn it ferline is der wiidweidich oer praat. As men net mei de stikken ynstimt, dan wit men ek net wat der achter wei komt. Foar it twadde fearnsjier moat men in bedrach beskikber stelle fan 313.000 euro út ûnfersjoen ynsid- inteel. Dat wurdt neffens him in boaiemleaze put. It is ek net te rymjen mei it ferfolch fan it stik. Men soe deropta om de ynhier fan tredden te ferminderjen en men soe fêst personiel oannimme. Dat léste is neffens de gemeentesekretaris ek it gefal en it fernuveret him dan ek dat men yn it twadde fearnsjier minder útjûn hat en dat dêrnei it bedrach omheechrint. Yn hoefier is der sicht op dat de bedraggen (gemiddeld 3 ton per fearnsjier) aanst foars nei Onderen geane? It is net te rymjen mei de ôfspraken fan foarich jier. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is ek net bliid mei de foarleine bedraggen. De tsjinstferliening en de kontinuiteit fan de organisaasje moatte lykwols wol trochgean. De gearwurking mei Ljouwert biedt bygelyks dochs ek wer wat perspektyf. De hear Hemminga (GB): De ferdûbeling fan de ynhier fan tredden soe dêrfoar soargje dat men yn de takomst mei minder takinne soe. Neffens wethâlder Van der Meulen kin in gemeente fan de omfang fan Boarnsterhim noait sûnder ynhier fan tredden. It giet dan wol om de hichte fan de bedraggen. It is ek net yn oerienstimming mei de ôfspraken fan foarich jier. Men hie dochs ôf- praat dat it totaal 4 ton wêze soe? Dan is der dus no noch 90.000 euro oer foar dit jier en dat li- ket him wol aardich taakstellend. Wat binne de taakstellende bedraggen fan it kolleezje? Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat har de ôfrûne tiid tige mei de saak dwaande hélden. Sy is teloar- steld oer it feit dat der gjin útfiering jûn is oan it amendemint. De reden foar it amendemint wie om transparénsje te krijen en fertrouwen út te strielen. Sy wol de ynwenners fan de gemeente graach in goed antwurd jaan op har fragen oer ynhier. De PvdA-fraksje wol foar de folgjende riedsgearkomste in dúdlik oersicht fan wat der oan no ta bard is mei it jild. Dat hat benammen te meitsjen mei de hege bedraggen dy't dermei anneks binne. Wat hat men noch oer foar de rest fan it jier? Men hie noch noait wat heard oer de net-útfierberheid fan it amendemint oant foar ien of twa dagen. Sa soe men net mei de ried omgean moatte. Sy hat doedestiids ek frege nei de mooglike ynset fan amtners fan Binnenlénske Saken. Hoe stiet it dêrmei? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Men heeft er vorig jaar verschillende keren met elkaar over gesproken. De PvdA heeft een amendement ingediend met als punt om in de programmabe groting 2008 een post inhuur derden op te nemen. In december is gesproken over de begro tingswijziging en daar heeft men heel duidelijk de zaken boven en onder de streep aangegeven. De laatste zaken konden niet in de begroting opgenomen worden. Daar moet eerst het geld voor verdiend worden. De post inhuur viel daar ook onder, met een post van 400.000 euro voor het tweede, derde en vierde kwartaal. Het vierde kwartaal 2007 is meegenomen in de rekening 2007 onder incidenteel onvoorzien. Zij is ervan uitgegaan dat de raad dit duidelijk voor ogen stond. De raad heeft toen ook niet aangegeven dat men het op wilde nemen in de begroting. De raad heeft dus van deze zaken weet kunnen hebben, want er is 18 december over gesproken. Mefrou Dekker (PvdA): De gemeentesekretaris hat sein 'de eerlijkheid gebiedt ons u te melden dat wij in feite al enige tijd over dit inzicht beschikken'. No wurdt de bal nei de ried weromkeatst. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12