Wethâlder Van der Meulen: Men moat it totaalbedrach binnenhelje. It is basearre op it tal wen ningen yn de gemeente. De hear Hemminga (GB): Op alle wenningen dy't yn it bestân hearre te sitten. Wethâlder Van der Meulen: De wenningen sitte wol yn it bestân. It is de fraach oft elkenien op it goede momint de oanslach wol krige hat. En oars komt men letter noch wol lâns. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.6 Foarstel ynfiering finansjeel pakket CODA yn Boarnsterhim Mefrou Meinderts (CDA): It finansjeel pakket sil foar de gearwurking nedich wêze. Der sil ynves- tearre wurde moatte, mar it jout ek foardielen en op termyn sil it kosten besparje. It CDA is ak- koart. De hear Van der Sluis (VVD): It moat by de tiid wêze en de oansluting by Ljouwert is optimaal foar Boarnsterhim. De VVD is foar it foarstel mei it each op de foardielen. De hear Hemminga (GB): GB is it wol iens mei it pakket. It giet lykwols wol om grutte bedraggen. Der komt 5 jier struktureel 42.500 euro by en foar dit jier noch ekstra 19.500 euro as er it goed lést. Hy wol dêr dúdlikheid oer hawwe. Wethâlder Van der Meulen: Hy is bliid dat de ried mei it kolleezje fan miening is dat it in goede stap is. It komt de kwaliteit fan it systeem ten goede. It is foar in diel in ekstra ynvestearing. De 42.500 euro is ekstra; de 19.500 euro steane yn de begrutting. Twadde termyn De hear De Visser (PvdA): Fait der foar de FIS4all net mear wat frij foar ôfskriuwing? Wethâlder Van der Meulen: Neffens him is dat al earder frijfallen. De hear Riemersma (FNP): De FNP is it der ek wol mei iens. De 42.500 euro foar 5 jier wurdt li- niêr neffens him alle jierren minder. Wethâlder Van der Meulen: Dat is krekt. As A-stik nei de ried. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oant 4.5 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om fêst te stellen de feroardering útfiering bedriuwsfiering fan de ûnderstypj- ende prosessen (wêryn oan de gemeente Ljouwert allinne rjocht wurdt ferliend nei oanlieding fan artikel 17 Besluit Aanbestedingsregels Overheidsopdrachten (Bao) De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om yn te stimmen mei de begruttingswiziging Wsw De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. Pagina 14 1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 16