4.4 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en meiwurking te ferlienen oan de bou- oanfraach oangeande in appartemintengebou op it perseel Pean 1 te Nes mei tapassing fan in frij- stellingsproseduere op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de WRO De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel fêststellen tariven ûnreplik saak belesting 2008 De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Vellinga (PvdA): Hy hat earder alris fragen steld nei oanlieding fan de besite fan minister Vogelaar oan Raerd in pear moanne lyn. Dêr kaam it fûns 'Kleine wensen om it woonklimaat te verbeteren' oan de oarder. Is der resultaat bekend? De twadde fraach gie oer it eventueel meiprofitearjen fan Boarnsterhim fan it net trochgean fan ZZL. De tredde fraach gie oer de tasizzing fan in ekstra finansjele ferplichting fan de direkteur fan Wel kom oangeande de werstrukturearring fan Sinnebuorren. Is dêr wat fan bekend? Wethâlder Minkes: It fûns 'Kleine wensen om it woonklimaat te verbeteren' is men noch op it spoar. Men wol in berop dwaan op alle fdnsen dy't har dêr mei dwaande hâlde. Men hopet yn maaie berjocht te krijen oft it (WSL-jilden) foar de gemeente wat opsmiten hat. De kontakten mei de accountmanager fan VROM ferrinne altyd fia de provinsje. Men dielt de problemen mei de provinsje en men besiket fia de ISV-line te sjen hokker fûnsen oan te boarjen binne. Dan wol men it ek noch wol eefkes hawwe oer de Suderseespoarline. Men lûkt dêryn tegearre op mei Welkom. It is noch te betiid om resultaten melde te kinnen. 4.7 Slute De voorzitter sluit de vergadering om 22.55 uur. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 22 april 2008. de griffier, de foarsitter, drs. M. Frensel mr. P. Schadd-de Boer Pagina 1 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 17