oerein te setten. Hy is ek benijd nei de situaasje mei Omrin en wat eventuele konsekwinsjes foar de gemeente binne yn ferbân mei de gearwurking mei Smellingerlân. De hear Gerbrandij (CDA): As der ried mear wol, dan moat der mear jild komme. De fergoedings wurde yn 2 jier 5 euro minder. Hoefolle minsken freegje om in feroaring (wat is mear as 100)? Wa ferfangt de chips en hoe bart dat? Hoe fier stiet de ûndernimmingsried fan de saken óf? Is dit wol de goede demokratyske wei? De hear Van der Sluis (VVD): It bringstasjon soe nei Frisia ta. No wurdt praat oer de lokaasje Idaerderhoeke. Hoe kin dat sa feroare wêze? Hy wol ek graach ynformaasje oer de gearwurking mei Smellingerlân. Wat is de reden dat de prizen foar húshâldlik ôffal ûnderút geane? Wethâlder Van der Meulen: De hear Van Teeffelen soe in tal technyske fragen meinimme kinne. De foarsitter: Er is in de werkgroep dualisme over gesproken. Er zou nog een voorstel naar de raad komen. Stelt vast dat de raad ermee kan instemmen dat de heer Van Teeffelen een aantal vragen beantwoordt. Wethâlder Van der Meulen: Men hat gjin fêste beliedsmeiwurker. De konteners moatte geskikt wêze foar de nije sydbelader. Der is yn de oandielhâldersfergadering besletten om sa min mooglik bestjoerders in plak te jaan yn de ried fan Ried fan Kommissarissen. De ried hat noch foldwaande ynfloed op bygelyks de begrutting. De gearwurking mei Smellingerlân is gjin probleem foar Om rin. By de gearkomste oer it REC hat Boarnsterhim him ûntholden fan stimming. Mei 3 oare ge meenten hat men dêryn in unike posysje. Hy wit net krekt wat de konsekwinsjes dêrfan binne. Omrin ûndersiket oft men in oar taryf foar dy gemeenten berekkenje kin. Hy tinkt lykwols dat dat net mooglik is. Mefrou Dekker (PvdA): Is it ûnthâlding fan stimming itselde as tsjin wêze? Wethêlder Van der Meulen: Men hat yn alle gefallen net foar stimd. Men wachtet óf oft der in spesjale regeling foar dy gemeentes komt. Mefrou Dekker (PvdA): Wêrom is der net gewoan tsjin stimd? Wethêlder Van der Meulen: Hy hat de direksje en oandielhêlders frege om noch gjin beslút te nimmen oer de REC en earst nei gearwurking te sjen. En dan pas te bepalen wêr't sa'n REC komme moat. Mefrou Dekker (PvdA): Sy fynt dat in tige tûke oanpak. Wethêlder Van der Meulen: Boarnsterhim hat in oare posysje as Smellingerlên. Men is op dit momint noch net safier dat men der útstappe wol. De óffalmerk wurdt hyltyd mear konkurrear- jend. De diskusje dêroer sil nei de ried weromkomme. De masines en frachtweinen wurde sa maksimaal mooglik brûkt en dêrom wurde tsjinsten oan oare gemeenten oanbean. Yn prinsipe binne sydbeladers folautomatysk as elkenien him hêldt oan de pylk op de óffalkonteners. Op gu- on plakken hat men der muoite mei om dy goed te laden. Mei de nije beladers sil dat grif better wurde, mar der sille fêst noch wat lestige plakken oer bliuwe. Fia de oandielhêlders hélde de gemeentes neffens him genóch ynfloed. Der komt in notysje nei de ried oer it plak fan it bringstasjon. Neffens him hat de ried net besletten ta Frisia. Mefrou Dekker (PvdA): De ried hat de foarkar foar Frisia útsprutsen en net ta dy lokaasje beslet ten. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6