doeld wurdt. De foarwearde is dat elkenien yn it kluster C en D meidocht. Is dêr al sicht op? It is noch net alhiel útiten oft grien Ijocht yndied sa goed is as men hopet. Kin men it dan wol foars- kriuwe? Wat is de stân fan saken omtrint de diskusje oer de wettersuvering yn de klusters? En hoe stiet it mei de oanlis fan it parserioel yn A en B? Stel dat it dochs mis giet, hoe pakt men dan de hanthavening oan? De hear Hemminga (GB): It foarstel begjint mei 'geen medewerking te verlenen, tenzij'. Hy soe leaver sjen wolle 'wel medewerking verlenen, mits'. De oanset moat noch fierder útwurke wurde. It is tige wichtich dat elkenien ferplichte wurdt om oan de útfiering mei te dwaan en dat men maatregels hat om dat óf te twingen. De hear Riemersma (FNP): Hy hat gjin muoite mei de formulearring. Yn A en B krijt men riolear- ring, mar dat oare moat allegearre noch. Is it sa dat as dêr riolearing komt dat men der dan ek tagelyk stroom komt? Hy hie ek de fraach oer de data fan de brief. Under punt 2 stiet 'evenzo dienen alle eigenaren te participeren in de op te richten gebruikersvereniging van de nutsvoorzie ningen Yn it stik stiet as sanksje it ófsluten fan de nutsfoarsjenning. Dat stiet lykwols net yn de brief fan de feriening. Der moat dan wol alles fuorthelle wurde wat der no stiet, lykas it aggre gaat. Fierder kin de FNP him wol yn it stik fine. De hear Zijlstra (CDA): Fielt ek foar de formulearring fan de hear Hemminga. De betingsten fan it oerlisorgaan binne helder. Hy fynt de neamde arguminten wat weromhâldend. De nutsfoarsjen- nings leverje in fersteuring op fan û.m. mear Ijocht en seizoensferlinging. Dat léste hoecht dochs net automatysk it gefolch te wêzen. De ferwizing nei it Wiid is eins gjin goed argumint. It stik hinkt dus op twa gedachten. Kin men de stringe arguminten oangeande rêst en stilte wol rymje mei de proef mei it skip fan 110 m lang? En de rûnfeartboaten farre no ek troch it briedgebiet hinne. Wat is der út it oerlis fan 12 maart kommen? It CDA kin dus wol ynstimme mei it foarstel, mar is dus net sa bliid mei de arguminten, want dy kinne saken op slot sette. De hear Bouma (VVD): De VVD stiet der wat oars foar oer en wol fierder gean as it kolleezje. Hy fynt dat de brûkersferiening in punt hat derop te wizen dat men ek rjocht op bepaalde foarsjen- nings hat. Hoe sit it mei oare nasjonale parken? It seizoen hat in bepaalde lingte. De nasjonale parken binne in wichtige ympuls foar de gemeentes. It kolleezje soe wat kûlanter mei it fersyk fan de feriening omgean moatte. Wethâlder De Vries: Wêrom 'nee, tenzij'? It gebiet hat wichtige natoerwearden en binnen it ynr- jochtingsplan binne in tal ófspraken makke, len dêrfan hâldt yn dat men weromhâldend omgean wol mei útwreiding fan nutsfoarsjennings en yn prinsipe dêr gjin meiwurking oan ferliene wol. It oerlisorgaan wol it eins ek net, mar de feriening fan eigners oertsjûgje har derfan dat it wol kin sûnder dat de natoerwearden ûnakseptabel oantaast wurde. Men hat earder de riolearring by de ein hân en sa kamen de beide spoaren by inoar. Doe woe men in prinsipe-útspraak fan de ried oer útwreiding fan nutsfoarsjennings yn de Alde Feanen. Op it léste momint kaam de brief fan de fe riening fan eigners. De datum doocht net, mar it is wol de goede brief. It oerlisorgaan fûn dat men mei de betingsten en arguminten meiwurking ferliene kin oan de oanlis fan de nutsfoarsjen nings. Dat wie oanlieding foar it kolleezje om dat bestjoerlik net te negearen en in nuansearring oan te bringen yn it belied. It kolleezje hat gjin sicht op it meidwaan fan de eigners. len fan de betingsten fan it oerlisorgaan is lykwols dat elkenien meidwaan moat. De feriening kin der seis sanksjes op útfiere. It ófsluten is dêrby ek as sanksje oanjûn. It soe syn útwurking yn in oerienkomst, dêr't de gemeente ek diel oan hat, fine moatte. Der binne wol in tal ûndersiken nei grien Ijocht dien. Fûgels navigearje soms op it Ijocht fan byge- lyks boarplatfoarms. By grien Ijocht bart dat noch mar by 30%. Der is al aardich wat ûnderfining mei sok Ijocht. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 18 maart 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8