Hy fynt net dat men te betiid mei it foarstel komt, omdat dêrmei de twa saken los fan inoar sjoen wurde' Men skriuwt de arguminten op yn oerienstimming mei it fêststelde belied. Men hat in fe- rantwurdlikheid foar de Alde Feanen. Hy hat net fan de ried heard dat men sa fier gean wol as de VVD foarsteld hat. Wethâlder Van der Meulen: De oanbesteging foar de riolearing fan A en B hat west. It liket derop dat it net binnen it budzjet past. len en oar wurdt noch útsocht yn petearen mei de ynskriuwers. By de riolearing yn C en D is de gemeente net de lûker fan it projekt, want dat is de provinsje. Men sit yn de einfaze en giet it om de kar tusken IBA's, it parserioel en in mooglik ynnovatyf sys teem. It stânpunt fan de gemeente is dat it net liede mei ta ekstra stiging fan kosten foar de ge meente. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): It antwurd fan de wethâlder wie dúdlik. Der moatte goede easken oan it projekt steld wurde. Ta gerêststelling fan de hear Zijlstra: De rûnfeartboaten meie net oeral komme. De hear Zijlstra (CDA): Hy wie wol nijsgjirrich nei de reaksje fan de wethâlder oangeande de grut te boaten. De hear Bouma (VVD): It antwurd wie dúdlik en hy hopet dat der mei it oerlis mei de brûkersfe- riening ta goede saken kommen wurde kin. De hear Hemminga (GB): Wa hat úteinlik it foech om te beslissen? It is wol posityf dat men mienskiplik as oerlisorgaan de betingsten ûnderskriuwt. Wethâlder De Vries: De gemeente giet oer har eigen gebiet en it beslút dêroer is dus oan de ried. De klasse 5-proef foar it Prinses Margrietkanaal hat noch net ta in beslút laat. Dat sil letter noch yn de ried oan bod komme. De hear Riemersma (FNP): It giet net om in proef foar it Prinses Margrietkanaal, mar it giet om it kanaal nei Drachten ta. De hear Bouma (VVD): It foech leit dan oangeande it kanaal by de provinsje. Wethâlder De Vries: Dy beide opmerkingen binne korrekt. De provinsje fynt it wol wichtich om fan gemeenten te witten wat dy derfan fine. Dêrom wurdt men útnoege foar in proef. De rieden sille yn de beslútfoarming dêrby belutsen wurde. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om fêst te stellen de feroardering útfiering bedriuwsfiering fan de ûnderstypj- ende prosessen wêryn oan de gemeente Ljouwert allinne rjocht ferliend wurdt nei oanlieding fan artikel 17 Besluit Aanbestedingsregels Overheidsopdrachten (Bao) By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is foar de gearwurking mei Ljouwert en is yn prinsipe foar it foarstel. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA kin har der ek yn fine. It kin neffens har allinne mar foardielen opleverje. Pagina 7 1 03 Ferslach nedsgearkomste 18 maart 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9