Het is juist dat volgens de gemeentewet de geheimhouding bekrachtigd had moeten worden in de
vergadering van 1 april. Formeel is dat niet gebeurd, maar impliciet is het eigenlijk wel door de
vraag bekrachtigd. Zij wijst nogmaals op het belang van de geheimhouding van de stukken met
het oog op een mogelijke claim. Het zou de gemeente in financiële zin kunnen schaden. Zij pleit
daarom voor geheimhouding zolang het geschil nog niet tot een oplossing is gekomen.
Wethâlder Van der Meulen (portefúljehâlder): Oer de problemen van de Sisa. Men besiket al in
skoft ta in oplossing te kommen. Dat is tige lestich omdat der gâns foarskriften foar in berneopf-
ang binne. Men is noch hyltyd dwaande mei it finen fan in oplossing. De Sisa hat oanjûn graach
in plak yn de brede skoalle te krijen. De Sisa hat foar it kantoar in oar plak fûn. Alle oare saken
geane gewoan troch.
De hear Bouma (VVD): Kin de wethâlder wat sizze oer de oare partisipanten? Men wachte om-
mers op in reaksje fan de partisipanten?
Wethâlder Van der Meulen (portefúljehâlder): De hear De Vries hat der op 1 april al in antwurd op
jûn. Der is ien dy't it kontrakt net tastjoerd krigen hat. Der hat mei de partisipanten korrespond-
insje west. De partisipanten binne noch altyd posityf en wolle noch hyltyd graach meidwaan oan
de brede skoalle.
It btw-ferhaal is yn it nije stik oanpast.
It is mar krekt hoe't men de brief fan de provinsje lêze wol en kin. As men oantoane kin dat it
goedkeaper is om saken yn ien kear te bouwen en net sec de skoallen en dêrnei de sporthallen
apart, dan lizze der kânsen.
De hear Hemminga (GB): Jildt dat foar foarsjennings dy't hearre by in skoalle? Of binne dêr ek
sporten by belutsen dy't net direkt relatearre binne oan it ûnderwiis?
Wethâlder Van der Meulen (portefúljehâlder): Men moat dan oantoane kinne dat it mienskiplik
bouwen goedkeaper is as it apart bouwen. It jout neffens him ek romte foar it twaspoarenbelied.
De hear Hemminga (GB): Dat hâldt dus yn dat men binnen it ramt fan de wetlike taak fan de ge
meente de sport dêryn beflappe kin?
De hear Bouma (VVD): Men moat 9 ton eksklusyf btw beskikber stelle sûnder dat men wit wêr't
dat ta liede sil. Earder hat de provinsje oanjûn dat men gjin iepeneinregelingen wol. Der moat hel
derheid oer it finansjele einplaatsje wêze.
De hear Van der Meer (GB): In het vorige project zat bijvoorbeeld fitness. Kan dat er in betrokken
worden als het goedkoper is?
Wethâlder Van der Meulen (portefúljehâlder): As fitness in kommersjele priis betelje wol dan soe
dat mooglik wêze en oars net. Hy kin net oanjaan wat it twaspoarenbelied no krekt kostet. Dat is
de reden dat it kolleezje om it ekstra kredyt freget.
Wethâlder Minkes (portefúljehâlder): De romtlike oarderingsproseduere sloech op it bouryp
meitsjen fan de grûn. Der moast sân opbrocht wurde om de grûn beklinke te litten en dat kostet
op syn minst in jier. De definitive romtlike Onderbouwing hinget óf fan de definitive Ontwerpen.
Op 8 maaie komt de nije wet op de Romtlike Oardering yn de Earste Keamer oan de oarder.
Wethâlder De Vries (portefúljehâlder): Hy wol graach yngean op de fraach nei de ferslaggen fan
de Onderhannelings mei de strategyske partner. It bod fan de korporaasje paste net binnen de fi-
Pagina 6
1 03 Ferslach nedsgearkomste 23 april 2008/odab/6