Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Hy hopet wol dat net deselde flaters makke wurde mei de oanstjoering en kontrôle. It fernuveret him dat neffens de wethâlder de winsken fan de partisipanten no dúdlik binne. Dat wie dochs al lang it gefal? It gie om de finansjele konsekwinsjes en dêr wol men de konkrete bedraggen fan witte. Soe men de lesten net ynsidinteel struktureel ynpasse kinne? De gegevens oer it foartrajekt (Har- denberggroep) binne der net en dat jildt ek foar de grûnoankeap. Men moat oer it totale finansjele plaatsje beskikke kinne. De skoallen hoege der net ta elke priis te kommen. De hear Bouma (VVD): Hy slút him by dat léste oan. Hy nimt oan dat der alternativen binne foar de neamde lokaasjes. Hat men ek sjoen nei oare lokaasjes? It swimbad hie noch wol in jier iepen bliuwe kinnen. De VVD wol op 22 april helderheid hawwe. Mefrou Meinderts (CDA): Sy fynt it net in stik om in beslút oer te nimmen. Giet it kredyt fan de 6 ton oer it eardere kredyt hinne? Moat men sokke grutskalige projekten wol seis útfiere? Wat fynt de provinsje derfan? De hear Seldenrust (FNP): De FNP wol fansels nije skoallen yn Boarnsterhim. Oangeande de hear Wijnstra (ynsprekker): De bal leit by it kolleezje, want dat is ferantwurdlik foar it debakel. Sitearret út de gearkomste fan 27 juny 2006 de hear Buiter 'Het zal nodig zijn om met een aantal mensen nu echt de schouders er onder te zetten. De regie lag onvoldoende bij de gemeente en bij het projectmanagement zal dat nu wel het geval zijn. Er zijn ook in onvoldoende mate aansprake lijkheden op papier vastgelegd en dat geldt eveneens voor de planning en control. Dat is.er nu wel. Er gaat geen geld de deur uit voordat heel duidelijk is waar het heen gaat'. De oanstjoering wie dus yn 2006 al net goed en no noch net. It giet neffens him no mei it opnij frege kredyt net om peanuts. De portefúljehâlder hat oer syn eigen ferantwurdlikheid in oar antwurd jûn as hy be- frege hie. Mefrou Dekker (PvdA): Sy fielde har wol oansprutsen troch de ynsprekkers. De ried hat net altyd like akkuraat west. Men moat jin sterk meitsje foar it projekt brede skoalle. De ûnderwiisfoarsjen- nings binne op guon skoallen yn de gemeente fan ûnfoldwaande kwaliteit. Der hat al in wiidwei- dige diskusje west oer alles wat der ferkeard gien is. Sy hat in fraach oan de riedsleden. Der steane bepaalde rânebetingsten yn de map fan septimber 2007. Soe men dy net ris bystelle moatte? De PvdA-fraksje fynt in termyn fan 3 moannen tige lang. Der is in protte ûnsekerheid by de belanghawwenden. De stjoergroep is krekt begûn en hat it fertrouwen fan de PvdA. Sy hopet dat der sa folie mooglik antwurden op de fragen op 22 april binne. De hear Bouma (VVD): Men hat yndied tuskentiids net goed evaluearre. De VVD hat gjin ferlet fan papieren tigers, mar wol dúdlikheid hawwe. It giet om de einresultaten. De hear Hemminga (GB): Men moat wol leare fan de flaters yn it ferline. De ried soe net alert ge- nôch west hawwe neffens mefrou Dekker. Guon partijen hawwe lykwols yn it ferline genôch sin- jalen jûn. As men dêrnei harke hie, dan hie de situaasje no wierskynlik oars west. De hear Seldenrust (FNP): Mar net weromsjen? Hat mefrou Dekker noch wol fertrouwen yn de wethâlder? Hy hat heard dat de PvdA al omsjocht nei oare wethâlders. Mefrou Dekker (PvdA): Sy kin dat net belûke op dit kolleezje. Ek de PvdA hat altyd hiel kritysk west. It is neffens har net krekt om foar te stellen dat de skoallen der miskien wol west hienen as men nei de krityk fan GB heard hie. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 1 april 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11