De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA-fraksje hie al it gefoel dat men net mei de 3 ton út koe. Dêrom waard ek de moasje ynstjinne en is der oantrúnd op in quickscan. De PvdA wol in oers- joch hawwe fan hoe't de saken ferparte wurde. Dat lei der no net by en dat sil yn de takomst (eventueel fertroulik) al moatte. Eins hie it foarstel fia in begruttingswiziging rinne moatten. De PvdA giet fierder akkoart mei it foarstel. De hear Zijlstra (CDA): It is hiel normaal dat men de ynhier fan tredden yn de begrutting opnimt. Starters op de arbeidsmerk kieze ek earder foar in detasjearringsburo. De hear Van der Meer (GB): Hij hoort nu een heel andere tendens dan de vorige keer. Men zou met de 4 ton voor de rest van het jaar uitkomen. En nu moet men de inhuur van derden van het CDA heel normaal vinden. De hear Zijlstra (CDA): Sa'n trijekwart fan de gemeenten moat neffens in artikel yn Binnenlands Bestuur minsken ynhiere om de taken útfiere te kinnen. Men kin lestich funksjes ferfolje yn Boarnsterhim en dêrom soe men nochris nei de leanen sjen moatte. De hear Hemminga (GB): Wol it CDA in oar leangebou? De hear Zijlstra (CDA): It soe foar bepaalde funksjes oanpast wurde kinne. It kin in besparring opsmite. Men moat foar de ynhier struktureel dekking fine. Twadde termyn De hear Van der Woude (PvdA): Men hat it oer de beheining ta de 4 ton. Miskien hat de ynfolling fan de fakatuere fan in manager noch wat foardiel brocht. De foarsitter: Dat is niet het geval, want die is per 1 juni in dienst. Zij stelt vast dat de raad met uitzondering van de VVD instemt met het voorstel. Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De foarsitter: Wethouder Minkes kan de vragen van de VVD aangaande de Hellingshaven beant woorden. Wethouder De Vries zal zo spoedig mogelijk de overige vragen schriftelijk beantwoor den. De raad zal ook door hem geïnformeerd worden over de voortgang van het Wetterfront. De hear Bouma (VVD): Wat is de stand van zaken met betrekking tot Hellingshaven en de ver koop van it Riedhûs? En wanneer start Coltavast de restauratie van Abbemastate? En wat is de stand van zaken met betrekking tot GWS? Wethâlder Minkes: De ferkeap fan it Riedhûs hinget gear mei de Ontwikkeling fan it gebou oan de Hellingshaven. Der hat in petear oer west. It giet de goede kant út en men hopet dat it dit jier ta in transaksje komme kin. Coltavast: Men hat op 14 april in petear mei PB Grou. De ûntwikkeloerienkomst hat in tal aspek- ten dy't noait útfierd binne. Men hat de saak opnij oppakt. In oerienkomst hat as skaaimerk dat men fan beide kanten rjochten en plichten hat. De kosten sille leger wêze as de begrutte 563.000 euro. Der sil oer de kosten in oerlis mei de provinsje komme. Men sil sjen hoe't de 50 iepenbiere parkearplakken stal krije kinne. Dêrnei kin de artikel 19 lid 1 proseduere opstart wurde. De hear Bouma (VVD): It is in goede saak dat it oerlis mei PB der komt. Der is de soarch dat de state hyltyd mear fertutearzet. Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 april 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 18