Wethâlder Minkes: lt kolleezje hat dy soarch ek, mar it is in komplisearre proses omdat it in monumint is. Der komme 6 apparteminten en it gebou sil foar in diel stript wurde moatte. De hear Riemersma (FNP): Oer de mûne by Warniahuzen. De ferpleatsing blykt net in pear meter te wêzen, mar de mûne giet nei Smellingerlân en dêr meitsje de bewenners beswier tsjin. Men wie dochs wiis mei de mûnen yn Boarnsterhim? De ried wit der neat fan. Hat it kolleezje it foech om dat te dwaan of hat it kolleezje dat foech fan de ried krigen? It hie yn alle gefallen wol netsjes west om de ried fan de saak op 'e hichte te stellen. Wethâlder Minkes: Der hat in petear west mei de minsken dy't beswier makke hawwe. De mûne moat wer in funksje hawwe. Planologysk sjoen kin men alles ferskowe. Sy wit net oft it it foech fan de ried of it kolleezje is. De krekte ynformaasje nei de ried is it kolleezje wat ûntkommen. De hear Riemersma (FNP): Oer de wentebou yn Warten. Dêr is in kredyt beskikber steld foar it plan noard. Men hat letter by PB op besite west. Men wie yn Warten net sa bliid mei huzen op dat plak. Op de iepenbiere gearkomste fan PB heart men fan de wethâlders dat plan west wer hielendal yn byld is. Hie de ried dat net fan tefoaren witte moatten? It is dus wer in kwestje fan minne kommunikaasje. Wethâlder Minkes: Der hat altyd sprake west fan in wenningbouplan Oer de Barten II. De grûn fan Oer De Barten II is ferkocht, mar net oan de gemeente. Doe hat men de ried om in kredyt frege om te sjen nei in senario oan de noardkant. Dat foei net goed yn it doarp. De gemeente hat letter in presintaasje fan it senario jûn. Men hat it dus ek noch net loslitten. As men wer wat bre der nei de saak sjen wol dan kin men wer yn petear mei inoar. Men is noch hyltyd mei de sena- rio's dwaande en der is noch net in oare beslissing oer nommen en dêrom is der noch gjin oanlie- ding om de ried te ynformearen. De hear Riemersma (FNP): Der is in kredyt beskikber steld foar de Ontwikkeling fan it plan noard. It hie netsjes west om de ried oer de feroaring fan plannen te ynformearen. Oer de bajonetoansluting by Aldskou. Der is in kapfergunning oan de provinsje ferliend foar de realisaasje fan de bajonetoansluting. De gemeente hie dochs noch problemen mei de oanpak yn ferbân mei de feilichheid foar de skipfeart? By Lyts Gabema wie in bajonet en dêr is in rjochte oerstek kommen en dy wie feiliger. Blykber is de fergunning oan de provinsje ferliend. Is dat it foech fan it kolleezje of hat it kolleezje dat foech krigen fan de ried? Is it dan no wol feiliger? Hie it net oan de ried meidield wurde moatten? Der wurdt ek samar in ieuwenâlde rivierbêding ferlein. Wethâlder Minkes: Der is in ynformearend riedsfoarstel kommendeweis. It foech leit op grûn fan in artikel 11 proseduere by it kolleezje. Der moat noch in flora- en faunawetfergunning komme en der moat kompinsaasje komme yn it ramt fan de EHS. De âlde rivierbêding foarme in grutte tûkel- team foar de gemeente. Dy bêding wurdt lykwols net trochbrutsen, mar der wurdt in earm oan fêstlein. De yngreep is net ûnomkearber en dat hat ek te meitsjen mei de brêge oer it Prinses Margrietkanaal, wêrby't men miskien foar de takomst tinke moatte oan in akwadukt. De Boarn wurdt fierder net oantaast. It komplete ferhaal komt by it riedsfoarstel. De hear Riemersma (FNP): Is wol tefreden mei it antwurd. Mar hy hie it graach foar de kapfer gunning hearre wollen. Wethâlder Minkes: Men is op in bepaald momint mei in projekt dwaande mei ferskillende útfie- ringsaspekten. It is it kiezen fan it béste momint, wêrby't it ferhaal kompleet is. Men kin neffens har net sizze dat men te let mei de ynformaasje is. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 april 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 19