b. Mienskiplike Regelingen Wethâlder Minkes: Der komt op 22 april in opiniearendje behanneling fan in feroardering yn it ramt fan de WSW. Dat bart yn alle 17 gemeenten. Alle opmerkings wurde sammele en komme werom yn de rezjygroep. Dêrnei komt it ta mieningsfoarming en beslútfoarming werom yn de ried. Op 22 april sil de direksje fan Empatec útlis jaan oer de wize fan kommunikaasje. Wethâlder De Vries: Hy hat goed nijs oer de Steande Mêst-rûte. Der wie in rjochtssaak oer de oanbesteging, mar de foarsjenningsrjochter hat it beswier ôfwiisd. De gunning is tawiisd oan de leechste ynskriuwer en der kin yn april/maaie mei de wurksumheden útein set wurde. Yn maaie 2009 kin de SteandeMêstrûte yn gebrûk nommen wurde. Der komt noch in ynformaasjegear- komste yn Wergea. De hear Van der Sluis (VVD): Wie der ek in grutte meifaller by de oanbesteging? Wethâlder De Vries: Nee, mar der siet gelokkich ek gjin tsjinfaller yn. 2.2 Ferslach 2006-2007, aktiviteiten 2008 Rekkenkeamerkommisje Boarnsterhim Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat mei niget it ferslach lézen en sprekt dêrfoar har tank út. De hear Hemminga (GB): Slút him dêrby oan. Binne de Onderwerpen al útkeazen? De hear Van der Weide: Dat zijn de verbouw/nieuwbouw van het gemeentehuis, de introductie van de WMO en de aanleg van de Klassieke Schepenhaven in Terherne. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.3 en 3.4 De hear Wijnstra: Hy sprekt yn op agindapunt 3.5. Men hat noch net folie sjen kinnen fan de brede skoalle. Hy wol ynhâldlik no net op de plannen yngean. De ried moat tige har bést dwaan dat de plannen sa útfierd wurde sa't de bedoeling wie. De hear Greidanus sprekt yn op punt 3.5. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel tariedingsbeslút lokaasje Nesserdyk yn Grou, artikel 19 lid 1 WRO De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel glêstriedferbining Grou - Ljouwert By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Van der Meer (GB): Hoe zijn de kosten in relatie tot het gebruik? Is er ook een deskundi genrapport aanwezig? Een second opinion zou volgens hem wel prettig zijn. Waarom heeft men het niet eerder gedaan? De hear Bouma (VVD): Hy hat ek de léste fraach. De needsaak is der sûnder mis, mar de VVD hat muoite mei de dekking. Mefrou Meinderts (CDA): It is in frij technysk ferhaal. Sy hat fan de organisaasje al antwurden krigen. De ferbining moat foar 100% goed wêze om steuringen foar te wêzen. De tsjinstferliening moat fansels ek yn oarder wêze en dêrom kin it CDA der wol mei ynstimme. De hear De Visser (PvdA): Gearwurking soe neffens de boargemaster fan Ljouwert kinne as der foardiel yn stekt. Hy nimt oan dat mei it each bygelyks op software de gearwurking ek foar Ljouwert foardielich is. It is dan ek net mear as ridlik dat men beide de kosten draacht? Dêrom Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 1 april 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4