De hear Van der Woude (PvdA): Men soe earst jild fertsjinje en dan pas útjaan. De 1000 oeren is neffens him eins net oars as ynhier tredden en dat heart dêr dan ek ûnderbrocht te wurden. Fan de winst dy't men bygelyks mei de ferkeap fan ûnreplik goed makket, kin men oare saken betel- je. De PvdA komt oer 3 wike mei in definityf stânpunt. Wethâlder De Vries: Hy begrypt de reaksjes fan de ried. It kolleezje hat yn byld brocht wat der foar nedich is om alle suggestjes yn dieden om te setten. Dat slagget net mei de organisaasje fan dit momint. Men moat oan de slach om de doelstellings binnen in ridlik koarte termyn helje te kinnen. Der sitte saken by dêr't deskundigen foar nedich binne. Men ferkeapet grienstroken en dêr is in amtner drok mei besteld. Foar fierdere grûnferkeap is mear help nedich. It kolleezje sil sjen oft men sjen litte kin dat der in goede snoek fongen wurde kin. Oer Grou-Noard is troch de ried in beslút nommen. Men wol earst de 'fruchten' binnenhelje dy't it tichtste by lizze. De ried hat wat in te maklik byld by de ferkeap fan ûnreplik goed. Yn desimber is der 5 ton ynboekt en 7.500 euro struktureel. Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Het snel doen kost dus 100.000 euro en het zelf doen kost niets of veel minder. Hoe verhoudt zich dit tot elkaar met betrekking tot het rendement? Men kan toch putten uit die 5 ton? De hear Seldenrust (FNP): By ferkeap soe it wat stadiger gean as mei in kredyt fan 100.000 eu ro? Wethâlder De Vries: As de ried de finansjele romte jout om troch te pakken dan kin men op koar- tere termyn mear resultaten helje. De hear Seldenrust (FNP): Hy kiest dan leaver foar de stadiger oanpak. Kostet de ynhier tredden 100 euro per oere? De hear Bouma (VVD): De VVD stelt in praktyske oanpak fia de ferkeap fan ûnreplik goed foar om in buffer te realisearjen. De teams binne benammen troch eigen amtners beset. Hoe fier stiet it mei de ferkeap fan it Riedhûs en de camping yn Akkrum? De hear Van der Woude (PvdA): Hy soe dochs leaver earst it jild (in ton) fertsjinje wolle en dan pas opnij jild útjaan. Syn fraksje wol har der noch oer bûge. De hear Zijlstra (CDA): Men moat dúdlik in resultaat foar eagen hawwe as men ynvestearje wol. Wethâlder De Vries: De 5 ton is al yn de begrutting ferwurke. Men moat as organisaasje mear dwaan as wat binnen de reguliere taken fait. De hear Hemminga (GB): It is wat stridich mei in stik yn de krante oer amtners dy't fûnen dat oa re kollega's soms oerstallich wienen. Wethâlder De Vries: Hy hat mei de werklikheid fan de eigen organisaasje te meitsjen. Men kin mei de eigen organisaasje it tempo der net goed genôch yn hâlde. Der lizze 250 projektfoarstellen en op basis fan de kosten fan ynhier is men kaam ta de berekkening fan 1.000 oeren foar in ton. Dêr sit foar in part ynhier yn. It kolleezje wol dúdlik meitsje wat men binnen in bepaalde termyn berikke wol mei de frege yn- set. Hy priuwt ek de winsk fan de ried om earst in winst te beheljen en mei dy winst oan 'e slach te gean. Hy hopet dat men op 22 april in goed beslút nimme kin. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 1 april 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7