over de investeringskosten en de mogelijke subsidiebijdrage...'. It is no wol dúdlik dat it net dúd- lik is oft men de subsydzje wol krijt. 'Verschillende participanten hebben regelmatig aangegeven dat afspraken en toezeggingen niet altijd werden nagekomen'. Guon fraksjes hawwe oars al hiel wat kearen nei de dúdlikheid foar de partisipanten frege. De projektlieder is befrege op in tal saken en bûten spul set. Der wienen saken konstatearre by it kolleezje dy't net alhiel yn oarder wienen. Is it wier dat de hear Buiter gjin ferantwurding oan it kolleezje ferskuldige wie mar oan in oare ynterne projektlieder? Is dy persoan noch altyd de lûker fan de brede skoallen? In risiko-analyze wie neffens it kolleezje net nedich. Mar foar sokke komplekse saken is dat nef- fens him wol nedich. Wol de stjoergroep dat der no wol by belûke? De FNP hat noch ien fraach: Hat de ferantwurdlik portefúljehâlder ek oerweage m de eare oan himsels te hâlden neidat bliken die en noch hyltyd docht dat de oanstjoering en de kontrôle net deugdlik wienen wylst hy dêr wol ferantwurdlik foar wie? Mefrou Meinderts (CDA): Past dy 602.000 euro binnen it totaal fan it tariedingskredyt of giet it der oerhinne? Op basis fan it foarstel kin it CDA gjin beslút oer de skoallen nimme. Wa partisipe- arje, tsjin hokker priis, hoe ferrint it oerlis mei de strategyske partner, kart de provinsje alles goed? Sy wol graach dúdlikheid oer de mooglikheden. Dat jildt ek foar de 'gezonde' aspecten. Rom en effisjint is ek wat oars as grut en lúks. Kin men sokke grutskalige projekten seis wol oan en komt it no wol goed? De hear Bouma (VVD): It is in pine-yn-'e-holle-dossier wurden. Earst gie men yn see mei de Har- denberggroep, dêrnei mei de hear Buiter en no wol it kolleezje it seis oanpakke. Men rint hyltyd achter de feiten oan en dat ropt fraachtekens op. Men moat ek noch saken ûnder de pet hâlde en dat fynt de VVD net in goede saak. Yn oktober hat de opposysje mei har opstelling in dúdlik sin- jaal jûn. It kolleezje sprekt harsels oer de omgong mei partisipanten tsjin. Men griemt mar fierder op in neffens de VVD net goede wei. De skoallen moatte boud wurde. Der binne ôfspraken mak ke mei eardere adviseurs. In buro moat dochs syn opdracht ta in ein meitsje foar it betelle jild? Ein maart/begjin april soe der in beslút nommen wurde, mar de dúdlikheid is der noch net. Men hat dizze dei fia de mail in brief krige (projekt Bakker). Der moat sprake wêze fan útwikse- ling fan gegevens en fan 'hoor en wederhoor'. Hoe steane de oare fraksjes dêrfoar oer? It is te- loarstellend dat men noch gjin dúdlikheid hat oer de posysje fan de strategyske partner en dat de finânsjes noch net op oarder binne. De hear Hemminga (GB): It stik jout gjin helderheid foar in goede beslútfoarming. Hoe sit it mei de kontrôle? Wa stjoerde dat oan en hoe sit dat no? Hoe stiet it mei de stopsetting fan de betel- ling fan de faktueren? De risiko's binne net goed yn byld brocht. Hy fynt dat it kolleezje eufemis- tysk taalgebrûk hantearret oangeande de gearwurking mei de strategyske partner. It oerlis mei de brûkers moat ek op oarder wêze. Hat it kolleezje neitocht oer alternativen? Wat leit der binnen it finansjeel berik fan de gemeente? Men moat mei beide fuotten op de grûn stean en net op te hege ambysjes stomprinne. Men moat no in kear echt oan de slach gean kinne. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Als voorzitter van de stuurgroep doet zij de aftrap. Men heeft pas een week geleden het stuk gekregen, want men zat midden in de gesprekken met de samenwerkingspartner. De raad wilde in september een taakstelling van 2,5 ton en er moest een samenwerkingsovereenkomst komen met de strategische partner. De financiële kaders staan onder druk. De onderhandelingen zijn er niet gemakkelijker op geworden. Het resultaat zal zo spoedig mogelijk naar de raad toekomen en dan kan de raad bepalen of men met de samenwer king verder moet gaan. Men moet niet op één paard wedden en inderdaad goed kijken naar alter natieven, want de scholen zullen er moeten komen. Het is niet haalbaar dat men op 22 april alle duidelijkheid heeft. Pagina 7 I 03 Ferslach riedsgearkomste 1 april 200S/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9