Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij wil graag schriftelijk reageren op de vraag over de kosten. Zij begrijpt de synergievraag niet. De gemeente heeft de foto's nodig voor de eigen regi stratie. De hear Van der Meer (GB): Hij weet ook niet wat het systeem van Leeuwarden is, maar er is mogelijk een voordeel via een abonnement uit te halen. De hear Van der Sluis (VVD): Is it oanbod noch wol jildich? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij gaat ervan uit dat het nog geldig is. De hear Seldenrust (FNP): Der stiet dat de oanbieding jildich is oant 1 april 2008. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het is het aanbod van een halfjaar. Men is in gesprek over een contract voor 5 jaar. Zij zal de vraag meenemen. Degene die de gesprekken voert, zal meer helderheid kunnen geven. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om in soarchbuorkerij te realisearjen op Goatum 3 yn Grou Mefrou Meinderts (CDA): It is spitich dat men safolle tiid kwyt is om sa'n lytse oanpassing te dwaan. De hear Riemersma (FNP): Hy is it iens mei it foarstel en is der tige wiis mei. De minsken binne entûsjast en it sjocht der prachtich út. De hear Van der Sluis (VVD): Wat is it ferskil tusken in buorkerij mei trije meiwurkers en in hús- hâlding mei seis bern of in bedriuw mei trije gehandicapten? It is geweldich dat der sa'n inisjatyf is. Der is gjin ferskil tusken in grut bedriuw en dit bedriuw. De VVD fynt dat de minsken de frij- heid hawwe moatte om sûnder fergunningen it bedriuw útfiere te kinnen. Dat moat it kolleezje har meidiele. Wethâlder Minkes: It is it troch de minister sa regele. It is in moaie Ontwikkeling yn Nederlân. Men sil alle war dwaan om it fierder óf te hanneljen. Men kin it foar dizze jûn ek noch yn de be- slútfoarming bringe as men fluch wol. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): Hy wiist nochris op syn opmerking oer de bedriuwen. De VVD bliuwt fan miening dat de troch de gemeente folge proseduere hielendal net nedich is. No moat in jonge húshâlding in pear tûzen euro's ekstra opbringe. Wethâlder Minkes: Yn it nije bestimmingsplan bûtengebiet kin men soks flugger oppakke. De fei ten kinne lykwols troch har net feroare wurde. As men it sa gau mooglik oanpakke wol dan soe men nei it beslútfoarmjende diel oerbringe kinne. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.5 De brief fan de provinsje Fryslân De hear Hemminga (GB): De gemeente stiet der finansjeel min foar. Men moat as ried de prioritei ten heroerwage. De provinsje hat har eigen prioriteiten. De ried hat lykwols de heechste prioriteit jûn oan it fytspaad. De provinsje lit bygelyks it Fryske Marreprojekt bûten beskóging. GB hat de yndruk dat it kolleezje oan de hân rint fan de provinsje. Hy bringt de diskusje oer de brêgen yn Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 22 april 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11