Akkrum yn it sin. Yn it antwurd stiet dan dat it kolleezje har net hâlde wol oan in amendemint fan de ried en dat de subsydzje yn gefaar komt. By de brede skoallen seit de provinsje dat de gemeente har beheine moat ta har wetlike taak fan húsfesting. Op dizze wize wurdt it wurk fan de ried ûnderúthelle. Men soe dan ek beswier tsjin de brief oantekenje moatte tsjin de wize sa't de provinsje har prioriteiten stelle wol. De hear Bouma (VVD): Hy kin him dêr gruttendiels by oanslute. De VVD hat ek al earder sein dat men by grutte projekten wat minder útjaan moat lykas as by it Fryske Marreprojekt. De lesten binne û.o. foar it fytspaad ferhege. Hy is bang dat men straks ek wer achter de feiten oanrint omdat bepaalde bedraggen yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt noch net binnenkommen binne. Dêrom moat de gemeente in stevich protest oantekenje. De foarsitter: In de brief legt de provincie uit hoe men over een aantal beleidsterreinen besluit. Sommige fracties willen bezwaar maken. Wat vinden de andere fracties daarvan? Mefrou Dekker (PvdA): It fytspaad Grou-Wergea hie in hege prioriteit foar de gemeente. De PvdA is tige teloarsteld dat it sa troch de provinsje oan de kant skood is. Men moat dêr beswier tsjin meitsje. De hear Riemersma (FNP): Hy kin him wol fine yn de wurden fan de hear Hemminga. By it fytspaad spilet de feilichheid ek in grutte rol. Foar him meie no wol bepaalde saken fan it Fryske Marreprojekt oergean as it fytspaad mar trochgean kin. Hy hie altyd al syn beswieren tsjin de be- rekkeningswize by it fytspaad. As men it bedrach no ris bruto en net netto kapitalisearret en net fia in annuïteitehypteek, mar fia in liniêre dan skeelt dat 1,4 miljoen oer 25 jier. Dan is it seis it earste jier noch goedkeaper as dat it no bruto is. De rinte oer de subsydzje is yn de algemiene re serve kommen. Seis mei 5% hat men noch 750.000 euro foardiel. Sjoch dêrom nei dy oare wize fan finansiering want dan komt men der oangeande it fytspaad better foar te stean. As de pro vinsje foarstelt om de subsydzje achter de hân te hélden dan fait it mei it risiko fan de subsydzje wol wat ta. De hear Gerbrandij (CDA): Der stiet 3,7 miljoen op de begrutting en dan snapt er net dat de pro vinsje dat derôf docht en oare saken stean lit. De foarsitter: Zij wil zich uitdrukkelijk distantiëren van de opmerking dat het college aan de hand zou lopen van de provincie. Men heeft allemaal de kaders van de provincie aangaande het pre ventief toezicht gekregen. Kijkend naar nieuw beleid zou het bij investeringen moeten gaan om o.m. veiligheid, onomkeerbare zaken en maatschappelijk noodzakelijke zaken. Dat heeft men uit gewisseld met de provincie. De provincie vond het fietspad echter niet passen bij die criteria. Het college heeft aan alle kanten geprobeerd om het fietspad overeind te houden. De hear Hemminga (GB): By alle stikken yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt wurdt as argumint oanfierd dat oars de subsydzjetermyn ferfalt. GB hat leaver in feilich fytspaad as dat bepaalde saken fan it Fryske Marreprojekt útfierd wurde. Wethâlder De Vries: As men de termyn net hellet, dan krijt men de subsydzje net. It entûsjaste lûd yn septimber oer de projekten fan it Fryske Marreprojekt is blykber wat ferdampt. De finansje- le situaasje ferge lykwols in bystelling. De provinsje woe úteinlik binnen it Fryske Marreprojekt 1,2 miljoen beskikber stelle foar it fytspaad. Dêr kin men as ried net samar oan foarby gean, want oars rint dat ek gefaar. Alles wat yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt útfierd wurdt, fait binnen de krediten dy't de ried beskikber steld hat. It dekkingsfoarstel oer de ekstra 8 ton is yn oktober troch de ried goedkard en de feitlike dekking komt dit jier noch by de ried. It fait ûnder it- selde rezjym fan it finansjele tafersjoch as alle oare útjeften. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 22 april 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12