Wethâlder Van der Meulen: De kaders fan it finansjeel tafersjoch binne helder. By nij belied wurdt der skerp op tasjoen. Mei guon saken fertsjinnet men jild (lykas by it foarstel oer de loftfoto's). De kaders jilde ek foar de skoallen. Der wurdt net rücksichtslos of mei in kleurde bril mei omgien. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Hy wie earder altyd entûsjast oer it Fryske Marreprojekt, mar doe wie er noch net op 'e hichte fan it net troch gean fan it fytspaad. Hy hat miskien wat te min neitocht oer de konsekwinsjes fan de 1,2 miljoen subsydzje. Hy tinkt ek mear oan parten fan it Fryske Marreprojekt dy't miskien net útfierd wurde moatte. De feilichheid is by it fytspaad benammen yn it geding. De minsken fan de provinsje soenen ris op 'e fyts yn de spits de dyk delfytse moatte. Hy hat gjin reaksje heard oer syn wize fan finansiering fan it fytspaad. De hear Bouma (VVD): Der moat wol eigen jild by de projekten dêr't subsydzje foar jûn wurdt. Foar bepaalde ûnderdielen fan it Fryske Marreprojekt hat men it jild ek net. Hy soe dêr in oersicht fan hawwe wolle. De mearjierrebegruttings slute noch net en dan kinne saken net honoreard wurde. Wat binne dus de projekten, wat is de eigen bydrage en hoe wurde de projekten finan- sierd? De hear Hemminga (GB): GB woe altyd per ûnderdiel oer de projekten fan it Fryske Marreprojekt prate. It kolleezje kin sizze dat der in tal hiel hege prioriteiten binne en dan kin de provinsje net bepale dat it Fryske Marreprojekt yn syn gehiel boppe it fytspaad giet. De ried sit der net om de provinsje hjiryn te folgjen. De ried sit der foar de boarger en it mei net sa wêze dat de grutte pro jekten neffens de provinsje perfoarst trochgean moatte en dat de eigen topprioriteit fan de ge meente oan de kant skood wurdt. Mefrou Dekker (PvdA): Sy is it dêr folslein mei iens. Der is in hiel protte enerzjy stutsen yn it fytspaad en der binne ferskate wizen fan finansiering foarlein. De PvdA-fraksje wol yn in brief oan de provinsje trochdwaan dat men it hiel wichtich fynt dat der in fytspaad komt. De hear Zijlstra (CDA): De mearderheid wol dus beswier meitsje. Men sil dan ek binnen de 6 wike prate moatte oer de prioritearings binnen it Fryske Marreprojekt. Mefrou Dekker (PvdA): Men wol it earst 'sec' hawwe oer it fytspaad. Dat hoecht net gear te fal- len mei de projekten fan it Fryske Marreprojekt. De hear Zijlstra (CDA): Men soe miskien pro forma beswier meitsje kinne. De foarsitter: Er moet dan per 13 mei een bezwaar liggen bij de provincie. De griffier zal dat ver der moeten regelen. Wethâlder De Vries: Der binne mear partijen mei it Fryske Marreprojekt dwaande. It sil konse kwinsjes hawwe oft men ûnderdielen fan it Fryske Marreprojekt skrasse wol. De hear Hemminga (GB): Men soe neffens de tasizzing oer alle ûnderdielen prate kinne. Wethâlder De Vries: Men hat yn oktober ynsicht krige yn de ûnderdielen dêr't men it al oer hên hie en foar de 8 ton foar de ûnderdielen yn 2008. Men kin dy weroerweagje lykas it punt fan de trije ton foar de Sylsbrêge. It kolleezje jout wiidweidich ynformaasje oer de oanpak fan de projek ten. De foarstellen binne ynsichtlik en fia it dekkingsfoarstel komt it wer nei de ried ta. It is wol syn ferantwurdlikheid dat er de bestjoerlike kant Onder eagen bringt en dat by net trochgean fan Pagina 11 1 03 Ferslach riedsgearkomste 22 april 2008/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13