De hear Gerbrandij (CDA): It CDA is akkoart mei it foarstel, mar riedt oan om it jild te parkearen. De hear De Visser (PvdA): Men soe it de oare deis ek besprekke kinne, omdat de aginda wiersky- nlik dochs net ôfwurke wurde kin. De foarsitter: Zij stelt vast dat de meerderheid het van de agenda af wil halen. Het zou eventueel de volgende avond nog aan de orde kunnen komen. De hear Seldenrust (FNP): Hy wiist derop dat de griffier oer de ynformaasje beskikt. De foarsitter: Concludeert dat het op de agenda blijft staan onder de voorwaarde dat het de vol gende avond behandeld wordt. De hear Hemminga (GB): Men hie in ynterpellaasje oanfrege oer it bedriuweterrein yn Reduzum. De foarsitter: Dat punt komt bij de ingekomen stukken aan de orde. De hear De Visser (PvdA): Hy stelt foar om agindapunt 4.5 (konsept-feroardering Wet geurhinder en veehouderij) nei foaren te heljen, foar it punt oer de brede skoallen. Der sitte belangstellende minsken te harkjen en dy soenen miskien de oare deis werom komme moatte. De foarsitter: Stelt vast dat de raad ermee instemt dat het als 4.1 a aan de orde komt. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 18 maart 2008 De hear De Jong (PvdA): Hij wijst erop dat hij geen lid is van GB2000 (bladzijde 1). De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Ynterpellaasjefersyk GB: Op grond van artikel 36B van het Reglement van Orde van de gemeente Boarnsterhim verzoekt de fractie van GB2000 om op de raadsvergadering van 22 april aanstaande een interpellatie te houden over het onderwerp Bedrijventerrein Reduzum. Met name gaat het om de vraag welke concrete stappen de wethouder heeft verricht ter realise ring van de motie, aangenomen in de raadsvergadering van 6 februari 2007 en naar aanleiding van de mededelingen in de raadsvergadering van 6 november 2007 over dit onderwerp. De hear Hemminga (GB): GB wol graach krekt witte watfoar stappen de wethâlder dien hat nei de diskusje yn de ried yn septimber oangeande it bedriuweterrein yn Reduzum. Sy soe har foar dat bedriuweterrein by de provinsje ynsette. Mefrou Dekker (PvdA): It foarstel is op himsels sympatyk, mar it is prematuer omdat der noch in brief oer de saak komt. Dan kin men it better meinimme. De hear Bouma (VVD): De VVD-fraksje tinkt dêr oars oer. De ûndernimmers hawwe in protte wurk foar de realisaasje fan it bedriuweterrein ferset. No hat men de mooglikheid om deroer te praten. PB hat de moedfearren ek noch net hingje litten. De hear Seldenrust (FNP): Der hawwe 5 fraksjes in opdracht oan de wethâlder jûn en neffens him moat men it der dizze jûn oer hawwe. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 22 april 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5