boete krije kin as der in finansieringstekoart is. Hat it ek konsekwinsjes foar de gemeente omdat men ûnder finansjeel tafersjoch stiet? Wurdt der noch gebrûk makke fan hypotekêre lienings troch it personiel? Oangeande de kasjildlimyt: Moat dêrtroch in nije fakatuere ynfold wurde? Wethâlder Van der Meulen: It binne gjin skokkende saken en der binne gjin ekstra minsken foar nedich. By de hypotekêre lienings giet it om in tige lyts oantal en it rint óf. De foarsitter: Stelt vast dat het verder voor kennisgeving aangegeven wordt. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan de wize wêrop doarpsbelangen ynset wurde kinne by it kompleet meitsjen fan weardefolle beammelisten Wethâlder Van der Meulen: Men wol it útwurkje sa't de ried yn jannewaris frege hat. It komt werom as foarstel nei de ried as de ynventarisaasje klear is en men yn byld hat wat de oanpas- sings fan de APV wêze moatte. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA wie foar it plan fan oanpak. De PB'en moasten derby behelle wurde. Men krijt de listen letter wer ûnder eagen. It foarstel hie foar dizze jûn om it CDA net hoegd. Men hat alle betrouwen yn de amtners dat it goed ófhannele wurdt. Mefrou Veldstra (FNP): Binne DB'en al op 'e hichte fan it plan? Hat men gebrûk makke fan it oanbod fan PB Grou en binne der al reaksjes op? Men soe nei 5 jier de saak opnij besjen moatte. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is dermei akkoart dat de DB'en help biede. Der soe lykwols sa min mooglik amtlike ynset mei anneks wêze moatte. Mefrou Dekker (PvdA): Slút har oan by de fragen fan mefrou Veldstra. Wethâlder Van der Meulen: Men wol graach gebrûk meitsje fan it oanbod fan PB Grou. Der is al in ófspraak makke. De amtner hat in goed sicht op de beammen. De meiwurkers yn it fjild hawwe de beammen ek goed op it each en sa kin men mei in betreklik bytsje oeren de beammen ynventarisearje. De DB'en kinne tige behelpsum wêze. Dy sille noch ynformeard wurde. De eva- luaasje liket him in goede saak ta. De foarsitter: Stelt vast dat het door de raad verder voor kennisgeving aangenomen wordt. Het voorstel zal te zijner tijd terugkomen. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan de ferbettering planning en control cyclus yn 2008 De hear Zijlstra (CDA): It is in logyske stap yn de gearwurking mei Ljouwert. De kompliminten oan it amtlik apparaat foar de flotte oanpak. De hear Van der Meer (GB): Hij sluit zich daarbij aan. Misschien kunnen er nog wat verbeteringen komen, met name met betrekking tot de majeure projecten. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol sa gau mooglik de saken op 'e rit krije. It giet de goe de kant út. De foarsitter: Stelt vast dat het verder voor kennisgeving aangegeven wordt. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.4 Der binne gjin ynsprekkers. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 22 april 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7