De hear Zijlstra (CDA): Meastentiids krijt men in advys by in foarstel fan it kolleezje. De útgongs- punten kin men as CDA lykwols achter stean. It is in logyske konsekwinsje fan de modernisea- ring fan de WSW. Wethâlder Minkes: It is in stik fan de ried en dêrom leit der net in advys fan it kolleezje by. It is in stikje wetjouwing en dêrom is it net sa'n maklik stik. Men kin der rjochten oan ûntliene en dêrom moat it juridysk goed yn elkoar sitte. Sy is it iens mei de hear Riemersma dat it 'kan' of 'dient' wêze moat. Oangeande it doelgroepebeleid: Foar in groep minsken soe men in bepaald belied út- sette kinne. It wie gjin stik foar de kliïnteried. It is yndied in technysk stik, mar dat is in gegeven fan in feroardering. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Snapt it antwurd oangeande de kliïnteried net. Is it net mooglik om de stikken dêr del te lizzen? De kliïnteried soe him helpe kinne om wat yn te bringen. De hear Van der Meer (GB): GB wil geen wijzigingen in het concept. Kan men een afspraak ma ken over een evaluatie? Wethêlder Minkes: It is gjin geheim stik, mar de stikken binne net makke op lêsberheid. Der sil ek in eigen soart kliïnteried foar de WSW ûntstean. De feroarderingen moatte earst ta stân brocht wurde en it sil earst wat oefening fan de gemeente fergje. Troch de feroarderingen komt de be- liedssyklus op gong. De hear Riemersma (FNP): It stik soe neffens de wethêlder te lestich wêze foar de kliïnteried en dat fynt er in badinearjende opmerking. Wethêlder Minkes: De WSW is in oar fakgebiet as sosjale saken. De foarsitter: Zij stelt vast dat de raad instemt met de conceptverordening. De definitieve veror deningen komen via het bestuur van Empatec terug bij de raad ter besluitvorming. 3.3 Foarstel om in kontrakt óf te sluten mei Cyclomedia foar it leverjen fan loftfoto's By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. Mefrou Veldstra (FNP): Op de ynternetside fan Cyclomedia steane de foto's û.o. fan de gemeente Boarnsterhim. It oanbod wie jildich oant 1 april 2008. Hat men ek offerte frege by oare bedri- uwen? Wêrom in kontrakt fan 5 jier? Wat stiet der fierder foar oer oan foardielen? Stiet der ek in opbringst foar oer bygelyks by nije boufergunnings as der yllegale bousels konstateard binne? Neffens de beslisbeam is der gjin budzjet foar opnommen yn de begrutting. Men hat wol in listke krige fan posten ynsidinteel en struktureel ûnfersjoen. Men hat yn novimber in hiele rige saken skrasse moatten omdat der gjin jild foar wie. De FNP is dan ek net sa entûsjast oer de wize fan finansiering. De hear Van der Sluis (VVD): Hy is it mei it léste iens. Hoefolle oeren oan personielskosten skeelt it? 1 april wie de deadline. Kinne de boargers ek oer de foto's per ynternet beskikke? De hear Van der Meer (GB): Hij sluit zich bij de gestelde vragen aan. Hoe zit het met de privacy? Het dekkingsvoorstel zou begeleid worden met een overzicht van de posten onvoorzien. Mefrou Dekker (PvdA): Men krijt der hiel wat foar werom, want men kin bepaalde saken goed yn byld krije. Wat stiet der lykwols noch mear foar oer? Der stiet 5 x 25.000 euro en by Cyclomedia Pagina 7 1 03 Ferslach nedsgearkomste 22 april 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9