Wethâlder De Vries: Men hat it saaklik besjoen. It gie foarhinne foar in tige 'skaplike' priis. Men hat nei de omlizzende gemeenten sjoen en dêrby foar in stevige priis keazen. De priis by lettere ferkeap fan it hûs sil dy foar de kante meterpriis foar de kavel wêze. Men krijt no folie minder diskusje oer ferskillende prizen. De minsken kinne hiere of keapje. Men sil ôfwachtsje moatte hoe't de ferkeap ferrint. Yn dit jier hat men foar sa'n 25 oant 30 tûzen euro ferkocht. Dat hie mei de nije prizen twa kear sa heech west. De priis past by de prizen foar de grûn op dit momint. Hy giet derfan út dat der foar de amtners yn it nije systeem ek minder wurk mei anneks is en dat it netto mear jild opbringt. De hear Zijlstra (CDA): Bringt it mear op as neffens it systeem fan de hear Van der Woude? Wethâlder De Vries: Der leit no in helder systeem fia de 3 earste punten en der is de mooglikheid dat it kolleezje oan in ôfwikende priis tinke moat (punt 5). Men besiket fia de ynventarisaasje de léste hoeken yn byld te bringen. As dat klear is dan komt it nei de ried ta. It giet meastentiids om gewoan iepenbier grien dat grinzet oan de kavels fan de bewenners. Der wurdt faak oerlein mei de PB'en. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Hoe sit it mei de tekeningen út it beslút út 1998? Wethâlder De Vries: Hy wol dy by de nota oer it snippergrien derby lizze. De hear Hemminga (GB): Men hat it altyd oer de kostendekkendheid. Wat is de echte mearop- bringst bûten de echte priis? Wat foar ferhâldingen sitte der dus yn de koste-opbou? De hear Seldenrust (FNP): Is it mei it léste iens. Neist de lesteferheging krijt de bewenner no mei hegere oankeapkosten foar iepenbier grien te meitsjen. De hear Van der Woude (PvdA): Hy heart te min dat op 'e dei dat de boarger de grûn keapet, dat syn kavel dan mear wurdich wurdt. Hy wiist derop dat de ferheging fan de ûnreplikgoedbelesting úteinlik noch wat tafallen is. De hear Hemminga (GB): Hy is it mei it léste net iens; dan moat men ek nei de taksaasjes sjen. De hear Riemersma (FNP): Hy krijt de yndruk dat de hear Van der Woude it snippergrien foar de kante meterpriis fan de kavel ferkeapje wol. Wethâlder De Vries: It kolleezje wol de bewenners 'gerieve'. Men kin mooglik in stikje derby ke apje. De ried wol oars graach dat it kolleezje wat saakliker operearret. Fansels wurde der kosten makke yn de organisaasje, mar der wurdt ek besparre op grienûnderhâld. Mefrou Dekker (PvdA): Wat is it maksimum fan in reststrook? De hear Hemminga (GB): Hoe ferhéldt de priis him ta in taksaasje? Wethélder De Vries: Sa n oersicht hat er net paraat. De 34 euro wie op grûn fan taksaasjes te leech. Yn de nota oer it snippergrien komme de kritearia oer O.o. it maksimum fan in reststrook dúdliker oan bod. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 13 maaie 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11