BOARNSTERHIM Griffy Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 14 maaie 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, J.W. de Visser en B. de Jong, fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hear S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear A.J. de Vries Fan de jongereinried: Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) Mei kundskip ôfwêzich: de hearen D. van der Meulen (wethâlder), H. Vellinga (PvdA), R. van der Woude (PvdA), M. van der Sluis (VVD) en mefrou P.M. Esser (PvdA) lepening De voorzitter heropent de vergadering die een vervolg is van de vergadering van 13 mei. Zij heet iedereen welkom. 3.8 Moasje GB2000 De hear Hemminga (GB): Der is op 9 oktober besletten oer it Fryske Marreprojekt. Der is fierder in projektlieder mei te set gien, mar dy ken lykwols net altyd de foarskiednis. GB hat der fragen oer steld en der binne antwurden op kommen. Yn de eagen fan GB is PB Akkrum net botte krity- sk. De omwenners binne yn in let stadium ynformearre en is eins foarholden dat alles al besletten wie. It histoaryske aspekt wurdt yn de reaksje fan it kolleezje ek ûnderbeljochte. It is in hiele âlde rûte fan de âlde Boarn, dêr't de smelle brêgen byldbepalend yn binne. Mefrou Dekker (PvdA): Wat hat it histoaryske aspekt te meitsjen mei de hichte fan de brêgen? De hear Hemminga (GB): Der binne mear byldbepalende brêgen yn de gemeente lykas de Bidler- brêge yn Wergea en yn Terherne de brêge oer de Alde Sânsleat. Der leit in beslút fan de ried foar in hichte fan 1.80 m. De nije brêge yn de Polsleat is by amendemint op 1.50 m set. It kolleezje wol lykwols dochs nei 1.80 m ta. Dat sil konsekwinsjes yn dy rüte hawwe. Neffens GB moat men it amendemint fan de ried serieus nimme. Hy lést de moasje foar. 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 maaie 2008/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 19