De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. Met inachtneming dat de FNP tegen is. 4.3 Foarstel om in soarchbuorkerij te realisearjen op Goatum 3 yn Grou De hear Bouma (VVD): Formeel hoecht der neat ferboud te wurden. Men moat gjin leezjes yn rekken bringe. Men kin wol mei it foarstel ynstimme. De hear Van der Meer (GB): Je moet wel instemmen met het voorstel als je erachter staat. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en meiwurking te ferlienen oan de bou- oanfraach oangeande in lisboksstâl oan de Wjitteringswei 12 yn Jirnsum mei tapassing fan artikel 19 lid 1 fan de WRO De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel glêstriedferbining Grou - Ljouwert De hear Seldenrust (FNP): Men krige hiel let berjocht fanút Ljouwert en de Frieslandring oer dizze saak en dêrtroch üntstie der wat ûndúdlikheid. Hy is wiis mei de beäntwurding fan de fragen en mei it ekstra petear mei de hear Van der Meer. Dêrom kin de FNP no wol ynstimme met it foar stel. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is ek bliid mei de beäntwurding fan de fragen. It CDA kin dermei ynstimme. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5a Foarstel om gjin beswier tsjin it beslút fan Deputearre Steaten yn te stellen op it fersyk ta it dwaan fan útjeften De foarsitter: Informeel heeft de meerderheid van de raad na overleg te kennen gegeven toch geen bezwaar te willen aantekenen. Dat zal nog formeel via dit voorstel bekrachtigd moeten worden. De hear Bouma (VVD): De provinsje hie in streek set troch it fytspaad. De ried hie har dêr tige sterk foar makke yn de ôfrûne tiid om dat fytspaad fan de grûn te krijen. In part fan de lesten is seis dêrfoar ferhege. Neffens de provinsje is der foar nij belied gjin romte. Men tocht dat der gjin mearderheid nedich wie om beswier oan te tekenjen. De VVD hat dan ek pro forma beswier oantekene, om letter yn de ried noch de diskusje fiere te kinnen. De mearder heid wie der net foar om beswier oan te tekenjen. De diskusje is oft der foar it beswier meitsjen in mearderheid nedich is. De hear Hemminga (GB): GB stie wol achter it beswier. Hy fynt it fersyk yn it foarstel tige rom en dêrom kin GB net foar it foarstel wêze. De hear Seldenrust (FNP): De FNP woe ek beswier yntsjinje. Der hat sprake fan wat miskommu- nikaasje west. Hy referearret oan de wurden fan wethâlder Van der Meulen dat de provinsje de feilichheid in grutte prioriteit takent. It feilichheidsaspekt soe in yngong wêze kinne om beswier tsjin it ôfwizen fan it fytspaad troch de provinsje yn te bringen. De hear De Visser (PvdA): De PvdA-fraksje fynt dat der twa kanten oan de saak sitte. De feilich heid en dat men de provinsje ek wol wer ris nedich hat. De kâns op súkses is minimaal en it hat Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 maaie 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 24