De hear Van der Meulen: Hy slút him oan by de hear Wijnstra. Der moat foar de sport in brede
skoalle komme. Dat hoecht net perfoarst ûnder ien dak. Wat is nei 12 jier no noch 3 moannen?
En as men it kolleezje fuortstjoert soe it dan nei 3 moannen wol goed foar elkoar komme? Hy is
ferbjustere oer de wurden dy't yn de earste termyn brûkt binne. Jou it kolleezje de kâns om har
noch 3 moannen foar de brede skoalle yn te setten.
Mefrou Tuimaka: Sy slút har by de foarige sprekkers oan. Men wol foar it konsept fan in brede
skoalle gean. Betink goed wat de konsekwinsjes binne. As der in brede skoalle komt mei in hal
derby yn dan hat men gjin âlde hal mear oer. By in skoalle mei in gymseal is renovaasje fan de
sporthal net nedich want it sportûnderwiis is dan yn de skoalle. It kolleezje soe oer trije moannen
in better antwurd hawwe moatte as no.
De hear Greidanus: Hij wil benadrukken wat het verschil is tussen het concept van een brede
school en een bredeschoolgebouw. Dat eerste heeft men al via bijvoorbeeld de samenwerking
tussen openbaar onderwijs en bijzonder onderwijs, de samenwerking met de bibliotheek en met
de sport. Er is huisvesting nodig voor het onderwijs en daar ligt een prachtige kans omdat ook
maatschappelijke organisaties nieuwe huisvesting zoeken. Dat het college haar lot verbindt aan
de brede school maakt duidelijk dat het college er zeer serieus mee bezig is. Men zal een fysieke
brede school tot stand moeten brengen.
Twadde termyn
De hear Hemminga (GB): De ynsprekkers tinke dat der noch altyd mooglikheden binne. It is lyk-
wols in werhelling fan setten. Der wienen yn it ferline in tal go-or-not-go mominten. Wat kin it
kolleezje yn dy 3 moannen yn earmoede noch realisearje? Der moat minimale húsfesting komme.
Hy soe graach fan it kolleezje witte wat de trije moannen ekstra noch tafoegje sille oan de oplos-
De hear Seldenrust (FNP): Men is yndied miskien yn de eerste termyn wat te min mei fragen
kommen. Hoe wol it kolleezje omgean mei beloften? Hy referearret oan de eardere tasizzings oan
de Twa Fisken. Op tal fan plakken is de situaasje net feilich. Wat docht it kolleezje dêroan?
Sjocht it kolleezje ek noch om nei oare alternative lokaasjes? Hoe wol it kolleezje omgean mei it
tekoart oan kapasiteit fan sa'n 20 oant 30% by sport? Hoe wol it kolleezje omgean mei it sport-
aktiviteitensintrum yn Akkrum? Hoe sit it mei de twa tydlike fergunnings foar it Onderkommen
foar de jongeren yn Akkrum? Hat dat noch fierdere konsekwinsjes?
De hear Riemersma (FNP): De hear Hemminga hat eins foar it grutste part syn fragen al steld. Yn
it foarstel stiet by punt 3 dat men it beslút oer de brede skoalle fan 9 oktober 2007 werroppe
moat. Tagelyk seit de foarsitter fan de stjoergroep dat men op spoar 3 ta wol, it campusmodel.
Kin men dan de skoallen wol op tiid bouwe? De hear De Boer wol foar it konsept brede skoalle
gean en de skoallen foar it gebou. Hoe sit dat no krekt?
Mefrou Meinderts (CDA): As foarich jier alle fraksjes lykas de VVD derútstapt wienen dan hie
men hielendal neat hân. It CDA kin har de soargen fan de ynsprekkers foarstelle. Jou it kolleezje
noch 3 moannen de kâns om mei in moai plan te kommen. It is eins ek in oprop oan Deputearre
Steaten. Men soe har net beheine moatte ta de wetlike taken en men moat yn it oerlis de lanlike
stimulearringsmaatregels foar de brede skoallen meinimme. Kennis en ynnovaasje soe neffens
deputearre Galema sa wichtich wêze foar de ekonomy. En dat begjint krekt op skoalle.
De hear De Boer (PvdA): It konsept brede skoalle betsjut foar de PvdA meardere funksjes op ien
plak en dêryn ferskilt men dus net mei de winsken fan it ûnderwiis. De PvdA wol noch altyd foar
it ideaal fan de brede skoalle gean. Jou it kolleezje dêrta de romte.
Pagina 6
Ferslach riedsgearkomste 17 juni/odab/6