grutsje moatte. Boarnsterhim stiet mei oan de top fan de gemeenten mei de heechste gemeentli- ke lesten. Wat docht it kolleezje foar de boarger om dat te ferbetterjen? It kolleezje hat sosjaal krêftich belied as spearpunt beneamd. Dan is it wat nuver dat men by de WMO no ekstra middelen besparje kin. As men jild krijt foar de sosjaal swakkeren dan moat men dat foar dy groep brdke en moat men dêr gjin gatten mei tichtmeitsje. De hear Bouma (VVD): Hat it kolleezje wol de realiteit foar eagen? Der steane in protte pm- posten yn en gâns saken binne net dúdlik of wurde trochskood. De wethâlder soe net besunigje moatte op it tal rapportaazjes, want de administraasje is der sa- wat klear foar om mear ynsjoch fia rapportaazjes te jaan. By it JOK hat it kolleezje sein dat der in protte jild mei generearre wurde kin en dat soe foar 2008 al opnommen wurde kinne. Spitiger- nôch sjocht men dêr noch neat fan werom. As men saken foar 4 jier op slot set dan soenen der no al kapitaallêsten frijfalle moatte. In amtner wurket yn Boarnsterhim gemiddeld yn produktive sin 1400 oeren. Hoe sit dat yn ferhâlding mei oare gemeenten? Wêr moat er mei 'onvoorziene omstandigheden' oan tinke by de sportferpleatsing? Der wurdt ek praat oer útjeften dy't miskien aktivearre wurde moatte. Men moat lykwols reëel begrutsje om letter net mei tsjinfallers konfrontearre te wurden. By it Fryske Marreprojekt stiet dat der noch wat komme soe. Men moat 3,2 miljoen oan eigen middelen ynsette. En der moat noch 8 ton by. Meitsje dat by de foarjiersnota ynsichtlik. Hoe wol men dat foar dit jier dekke? De pilot fan de ferlinging fan de betsjinning fan de brêgen: De provinsje hat dêr ek foardiel fan. Kin dy dan ek net bydrage? By de pont de Burd moatte wer skoattels ferfongen wurde. Hoe komt it dat soks hast elk jier moat? Men moat mear gong sette achter it Hellinghavengebou. Der hie neffens him al lang oerlis mei de provinsje wêze moatten oer de kontinginten foar Grou- Noard. Op side 27 stiet 'zal het volgens de huidige inzichten te verwachten positieve saldo van structureel onvoorzien helder zichtbaar worden gemaakt'. Graach in taljochting dêrop. Hy hie de- selde fraach as de FNP oer it ferskil yn de plus- en minpost. Hy hie mear konkrete maatregels foar 2008 ferwachte. Men kin hurde besunigings net ut de wei gean en dêr moat mear gong mei makke wurde. De hear Zijlstra (CDA): De finansjele situaasje twingt ta it meitsjen fan keuzes. It CDA kin har dêr yn fine. Der stiet wol hiel faak yn dat der noch foarstellen nei de ried komme moatte. De gear- wurking mei Ljouwert bringt foardielen en der binne tekens fan earste besunigings. Der binne ek noch wol projekten dy't trochgeane. De nije takomst sjocht er ek as in nij perspektyf. Der wurdt spitigernôch op side 7 noch in diskusje oanset oer de takomst fan Boarnsterhim. It giet no om- mers oer de foarjiersnota en net oer de takomst fan Boarnsterhim. De hear Hemminga (GB): De gemeente Boarnsterhim soe neffens de hear Zijlstra dus alle taken wol oankinne? De hear Zijlstra (CDA): Hy fynt it prematuer om de takomst fan de gemeente op dit momint oan de oarder te stellen. Hy hopet dat der goed ûnderboude foarstellen nei de ried komme. De ynfie- ring fan de WABO stiet neffens him noch yn diskusje en dêrom hat men de 75.000 euro earst noch net nedich. Der moat wol in aksjeprogramma by it keapstreamenûndersyk fan de Keamer fan Keaphannel makke wurde dêr't û.o. de iepenbiere romte en it parkearen in plak yn krije moat te. Mei de opnommen 10.000 euro sil men der net wêze. It aksjeprogramma moat ek lutsen wur de fanút de ûndernimmers seis. It is spitich dat men wer mei in potlead stimme moat. In 'i-podpotlead' soe útkomst biede kinne. De brede doelútkearing foar Sintrum foar Jeugd en Gesin moat ek foar dy doelgroep brûkt wurde. Soe bygelyks in stazjêre fan Van Hall net in startnotysje foar it lûdsbelied meitsje kinne? Wannear wurde de oerienkomsten oangeande de sportferpleatsing tekene? Kin men ek wat foar de karper- Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10|uny 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10