fiskers regelie? It Ûnderhâld fan de gemeentlike monuminten soe men 'in de loop van dit jaar' by in stichting ûnderbringe wolle. Dat is wat faach. Kin men it bygelyks op oktober stelle De 90 lantearnepeallen meitsje ûnderdiel út fan in gruttere ferfangingsoperaasje. Moat dy ferfan- ging dan perfoarst op dit momint? Komme der gjin boatsjeminsken yn de problemen as de brege yn de Trigreppel ticht wurdt? Wurdt it noch wat mei de toiletfoarsjennings yn Grou (Hell.ngsha- vengebou) foar 2009? It programma wurk en ynkommen. It is in goed foarstel om it jild fan it gemeentefuns yn te set ten foar minsken om wer oan it wurk te kommen. Mar hoe komt it mei de skuldhelpferliening nei 2009? It CDA fynt it wichtich dat der foar de jeugd wat dien wurdt. De brede skoalle moat sa breed mooglik opset wurde. It ûnderwiis soe ek mei konkrete foarstellen komme moatte. Men moat net te hastich in beslút nimme, want men sit der wol foar 50 jier oan fêst. Der wurdt 35.000 euro frege foar de aktualisaasje fan it wenbeiied. Fjouwer oare gearwurkjende gemeenten hawwe dat neffens syn ynformaasje goedkeaper útfiere kinnen. Hoecht Welkom der De* alger^en^d^kingsmiddelen. Der binne yn dat programma nochal wat blanko flekken oange- ande de goedkarring fan de provinsje. Wethâlder Van der Meulen: Men bringt de saken wer op oarder en dêrfoar binne in tal utgongs- punten opsteld. Men moat mei de ried oer de fisy prate. Wêr wol men oer 4 jier stean. Mefrou Dekker (PvdA): Moat men dan earst mei inoar prate oer de takomst en dat men dernei de keuzes makket of krektoarsom? Wethâlder Van der Meulen: As men de finânsjes net op oarder hat dan kin men neat. Mar men moat ek in byld hawwe wêr't men oer 4 jier stean wol. De posysje is dudlik oars as by de start fan de riedsperioade. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA wol dat it kolleezje komt mei keuzes foardat it oan de beslut- foarming ta is. Wethâlder Van der Meulen: It sil net slagje om foar de beslútfoarming fan de maitiidsnota al de besunigings yn byld te bringen. Foar de begrutting 2009 wol men mei heldere besunigingsmoog- likheden komme. De organisaasje soe op basis fan de útgongspunten de plannen utwurkje wolle. De hear Hemminga (GB): Der wurde spearpunten neamd. Moat de ried prioriteiten fan de spear- punten oanjaan? Wethâlder Van der Meulen: Men besiket in yntegraal ferhaal del te lizzen. De stânpunten fan de ried soenen mei de maitiidsnota eins wol dúdlik wêze moatte. Dan kin men yn it kolleezje en de organisaasje tawurkje nei de begrutting fan 2009. Mefrou Dekker (PvdA): Dan hienen de pipelineprojekten by de maitiidsnota wêze moatten. Wethâlder Van der Meulen: De ried wurdt oer dy projekten noch skriftlik ynformearre. As de ried mei de haadlinen ynstimme kin dan men fierder oan de slach om de keuzes by de begrutting yn novimber foar te lizzen. De hear De Visser (PvdA): Op side 5 stiet 'dat achterstand bij bepaalde beheerstaken niet zal af nemen en dat sommige risico's eerder toe dan afnemen'. Dat liket him stridich mei de wurden fan de wethâlder. Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10juny 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11