Wethâlder Van der Meulen: Men moat soms keuzes meitsje en it opstellen fan de beheersplannen freget om sa'n ôfwaging fan keuzes. Der sil dizze simmer hurd oan wurke wurde om de besuni- gings konkreet yn byld te krijen. Sa'n sesje as 4 jier lyn hat gjin doel. Der binne gelokkich ek positive ûntwikkelings yn Boarnsterhim. DD Yn de foarjiersnota hat men oansluting socht by de begrutting. Der hat oerhs west mei PB oer de brêge oan de Trigreppel. Der wurdt hast gjin gebrûk fan makke en neffens it kolleezje soe er wo tichtset wurde kinne. Men moat wat dwaan oan de bushokjes en men komt mei in plan. Hy s neigean wat der oan de skea troch de oanlis fan de gaslieding dien wurdt. Men soe ferkearsbuor- den opromje kinne as dy net safolle sin hawwe, want de skeapost is tige heech. By de d.skusje oer GVVP sil it wer oan de oarder komme. Men hat der yn de provinsje wol underfining mei op- Der" sitte noch wat saken yn de begrutting dy't noch net goed yn elkoar stekke_ Men moat nef fens him besykje om sa goed mooglik te begrutsjen. Men moat sjen oft der in besparring op de bedriuwsfiering mooglik is troch guon saken wat minder oant twa s.fers achter de komma utsykje te litten. As men alles spesifisearje wol, dan kostet soks ek wer ekstra j.ld. Men soe guon saken better fia de mienskip rinne litte kinne. De hear Riemersma (FNP): Hoe bedoelt de wethâlder dat? Wethâlder Van der Meulen: As men it bygelyks oer lytse bedraggen hat, dan soenen de minsken har der better seis mei réde kinne. Mar dan moatte de minsken wol ynnovatyf wurde. Mefrou Esser (PvdA): Krektsa as de gemeente Ljouwert oan de wiken jild beskikber stelt dêr't de wiken seis de saken mei opknappe moatte? Wethâlder Van der Meulen: Dat is neffens him in goed foarbyld. De hear Hemminga (GB): Hy hat de opmerking makke yn ferbân mei de oanstelling fan in haven- master. Dat wie dus neffens him net konsekwint. Wethâlder Van der Meulen: Soms is it nedich om bepaalde saken tydlik seis te dwaan. Yn pnnsi- pe is er it wol mei de hear Hemminga iens. Men krijt straks regelmjittiger rapportaazjes oer de bedriuwsfiering. Der is lykwols ek in protte ynformaasje dêr't de ried net sa folie mei kin. De hear Bouma (VVD): Men hat soms konkrete ynformaasje nedich. Men wol graach per fearnsjier in rapportaazje oer guon saken, lykas de dubieuze debiteuren, op haadl.nen hawwe. Wethâlder Van der Meulen: Men sil ôfspraken meitsje wannear't men rapportearret oan de ried en dat moat dus net ôfhinklik wêze fan it tafal. Der komt dit jier noch in tuskenrapportaazje oer de post fan de debiteuren. It ûnderhâld oan de pont wie nedich en dér is ek in subsydzjeoanfraach foar. forfnn Underwiis en jeugd hearre ta de spearpunten fan it kolleezje. De lantearnepea len moatte ferfon- gen wurde omdat der asbest vn sit en by Ongemakken soe dat oars frijkomme kinne. Wethêlder Minkes: De werstrukturearring moat finansjeel goed yn kaart brocht wurde. PB hat it by it ministearje oankaart. Op side 28 stiet de 40.500 euro foar de werstrukturearring. It giet om in bydrage by in konvenant dêr't sa'n 6 miljoen yn omgiet. Mefrou Dekker (PvdA): Hat it kolleezje ek noch in petear mei de minister oer de werstrukturear ring? Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10|uny 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12