Wethâlder Minkes: Men hat brainstoarme om it projekt Sinnebuorren op gong te krijen. Hoe kin men fûnsen benutte en wat kin men yn de gearwurking mei Ljouwert dwaan? Men hat trochjun dat it ministearje benammen de ISV-subsydzjes net halvearje moat. Nei de geskiktheidsferklearring fan de boaiem by de Baai kinne de huzen op de merk brocht wur- 6 It iild fan de WMO sil men nedich hawwe. De wenningoanpassings komme no foar rekken fan de qemeente. Op side 38 stiet de opdracht om te sjen oft men 10% op de bysûndere bystan en 10% op de WMO besunigje kin. Men sil in maksimale ynspanning leverje moatte om minsken ut de WWB te krijen. As men de Onderkant beskermje wol dan sille de bredere skouders deroan meibetelje moatte. Yn de nije situaasje kin allinne eventuele planskea ferhelle wurde oan deselde dy t bout of unt- w i kkelet De ferdielkaaien foar Nederlân falie neidielich út foar it plattelân. Men besiket binnen it portefúlje- hâldersoerlis fan it Noarden dat goed oan Den Haach troch te dwaan. Grou-Noard. De kontingintenregeling foar 2010-2016 is op dit momint yn it bestjoerhk oerlis stedsreqio Ljouwert oan de oarder. Dêr is in wol in wenbelied foar nedich. De wenningboukorpo- raasje hat meibetelle oan it ûndersyk om te kommen ta in wenbelied. De ried krijt der noch in apart foarstel oer. Yn septimber wurde de útkomsten fan it WOBOF presintearre. Men docht as gemeente mei oan de pilot lanlik wenjen. De gemeente hat al in nominaasje, mar wol der mear úthelje want dat liedt ta mear kontinginten. De WABO komt letter dizze jûn noch oan de oarder. Der moat in ludsbelied komme en dat moat in deeglik beliedstik wurde. De suggestje fan de ynset fan in stazjêre sil meinommen wurde. It feit dat net dúdlik is hoe't it mei de de skuldhelpferliening nei 2009 is, is no gjin reden om it net yn te setten. Wethâlder De Vries: As men in fisy ûntwikkelje wol oer de detailhannel hat men in keapstreame- nûndersyk nedich. De ûndernimmers en de Keamer fan Keaphannel binne dêrby belutsen. Men hoecht foar dat ûndersyk fansels net alles opnij te betinken. De ôfstânsbetsjinning fan de brêgen. Der wie in protte argewaasje oer de betsjinning fan de bre- qen. De gemeenten soenen dat budzjetêr neutraal útfiere wolle. It liket derop dat men it ek sa ut- fiere kinne, mar in pilot sil dat noch definityf útwize moatte. De provinsje nimt de measte kosten foar har rekken. De oerienkomst mei de projektûntwikkelder oer de sportferpleats.ng is yn it kolleezje besprutsen. De term 'onvoorziene omstandigheden' moat men sjen as in slach om de earm. Men kin it bud zjetêr neutraal útfiere. De ried sil ynsicht yn de eksploitaasje krije. Hy tinkt dat men dizze moanne de oerienkomst tekenje kin. Binnen de lytse besetting dy't men yn de gemeente foar it Fryske Marreprojekt hat, docht men in hiel soad wurk. Men hat grip op de finânsjes en de rapportaazje sil ynkoarten komme. Mefrou Dekker (PvdA): Men wol deroer ynformeard wurde op hokker dnderdielen men keuzes meitsje kin. De hear Bouma (VVD): It giet de VVD benammen om de dekking fan de 8 ton foar dit jier. Wethâlder De Vries: De 8 ton is nedich foar wat noch útfierd wurde moat. De ried sil dat jild earst beskikber stelle moatte. Foar 2009 en 2010 is it jild yn de iiskast set. Mefrou Dekker (PvdA): Dus foar 2009 en 2010 is it fêststelde kredyt earst beferzen? Der bart dus neat yn dy jierren? Wethâlder De Vries: Dat hat de ried seis besletten. It jild is net yn de mearjierrerûzing opnommen. It foei ûnder it motto 'Earst fertsjinje en dan pas útjaan'. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10juny 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13