weikomme moatte. De kaders steane yn de punten a oant en mei f. Hy wol graach konkrete útspraken fan de ried hoe't men besunigje wol. Mefrou Dekker (PvdA): Der stiet by punt 5 'Stem in met de voorgestelde bezuinigingen'. Mar wêr hat men it dan oer? Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje tinkt dat men it nei de útlis fan it kolleezje foar 2008 op dy wize dwaan kin. De oardel miljoen hat men noch net op it kleed. Wethâlder Minkes: Men wol sykje nei in besuniging fan 10% foar de sosjale portefúlje. Dêr is de ôfdieling mei te set. Foar al dy oare saken koe men noch net ta in konkreet foarstel komme. Mefrou Dekker (PvdA): It giet derom dat de maitiidsnota in nota nei de begrutting ta is. De ried moat dêrby keuzes meitsje. De PvdA mist in tal saken dêr't men dy keuzes op meitsje kin foar de beslútfoarming. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje fynt it ek net aardich om de lesten foar de bewenners te ferheegjen. Men kin der lykwols net sûnder want men moat besykje om it tekoart sa gau mooglik oan te foljen. Wethâlder Minkes: Men wurket oan in ûntwerp foar de Hellingshaven en der is in stedeboukundi- ge fisy makke. It giet nei de faze fan in bou-oanfraach ta. Men krijt ien en oar noch op papier. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij wijst erop dat er een vraag is over de omvang van de portefeuilles van het college. Het college zal zich daarmee bezighouden. As B-stik nei de ried. Zij schorst om 18.20 uur de vergadering tot 20.00 uur. De foarsitter: Zij heropent de vergadering om 20.00 uur en gaat over naar 1.2 van de agenda. 3.3 Foarstel om yn te stimmen mei de begrutting 2009 fan de Milieu Adviesdienst De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om yn te stimmen mei it Plan van Aanpak beheer Kapitaalgoederen Boarnster- him Mefrou Esser (PvdA): De PvdA fynt it wichtich dat de behearsplannen der komme. Hoe komt men oan it bedrach fan 200.000 euro? De gearwurking mei Ljouwert is in goede saak. Mefrou Veldstra (FNP): It is in goede saak. Der is in protte ferlet fan sokke behearsplannen. Mar men hie dochs yn 2006 al 1 50.000 euro beskikber steld en de oare 50.000 euro wie dochs al opnommen yn de maitiidsnota? De hear Looijenga (CDA): De kapitaalgoederen moatte goed beheard wurde om struktureel ûn- derhâld mooglik te meitsjen. It CDA is posityf oer it ûndersyk nei de gearwurking mei Ljouwert. De hear Van der Sluis (VVD): De kapitaalgoederen steane der min by. Der is yn de léste kollee- zjeperioades fierstente min oan dien. Hy tinkt benammen oan de brêgen, diken, wetters en sportfjilden. De VVD is der foar om it earst goed yn byld te bringen. De hear Hemminga (GB): GB mist ek de Onderbouwing. Is it ynklusyf of eksklusyf btw? Pagina 11 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10juny 2008/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 15