Mefrou Dekker (PvdA): Mei hoefolle persint wol de FNP de tariven dan ferheegje? De hear Seldenrust (FNP): Hy wol de wethâlder yn oerwaging jaan om it yn stappen omheech te bringen. Men moat net yn ien kear nei in ferdûbeling gean. De hear Zijlstra (CDA): As men 14 jier lang de bedraggen ferhege hie dan wie men miskien wol op de nije bedraggen útkommen. De hear Seldenrust (FNP): It komt no ynienen en it is wol in hege kostepost foar minsken dy t al- tyd foar in boatsje sparre hawwe. De hear Van der Sluis (VVD): Hy wol graach yn de stikken sjen wat der netto binnen komt. De btw moat men dochs wer ôfdrage. De hear Hemminga (QB): It sosjale aspekt wurdt hjir wat ferjitten. Yndeksearring is neffens him al goed genóch. Yn hoefier spilet it prinsipe kostendekkendheid hjir in rol? QB is noch net sa fo foarstel. Wethâlder De Vries: Alle lytse bytsjes helpe. Moat de gemeente de minsken in goedkeaper plak oanbiede as yn de kommersjeie lishavens? It is neffens de gemeente net de bedoeling dat men soks subsidiearje moat. Men hat in wat saakliker ynstek keazen, dat wie de w.nsk ek fan de ried, en sa is men neffens him mei in reedlik foarstel kommen. De minsken kinne seis har lisplak kieze. It kolleezje hat net foar fasearring keazen. It is oan de ried om dêr eventueel oars oer te tinken. Hy fynt it ferfelend dat der rekkenflaters yn it skema sitte. Hy sil it fersyk oangeande de netto bedraggen yn omtinken hâlde. Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): It wie in lestich punt by de besprekking yn de fraksje. De hear Seldenrust (FNP): Hy fynt dat der sprake is fan in strikt saaklike opstelling. Hy wol de oa- re fraksjes graach oer in foarstel mei fasearring hearre. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje wol dêr earst yntern oer prate. De hear Seldenrust (FNP): Men sit noch yn it mieningsfoarmjende part en dan kin men der dochs wol oer prate? Mefrou Dekker (PvdA): Der is yn de fraksje oer praat en men woe earst de reaksje fan it kolleezje ôfwachtsje en men hat boppedat ek oare lûden yn de ried heard. De hear Hemminga (GB): GB soe wol foar in fasearring wêze. De hear Riemersma (FNP): No wit men noch net wat de PvdA fynt. De foarsitter: Zij wijst erop dat men met een amendement kan komen. De hear Zijlstra (CDA): Men hat it kolleezje de opdracht jûn om wat saakliker de dingen op te pakken. Dêr komt it ek út fuort. Hy wachtet in eventueel amendemint óf. Pagina 15 1 03 Ferslach nedsgearkomste 10 )uny 2008/odab/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 19