De hear Riemersma (FNP): Hy hat begrepen dat de provinsje it al wat earder hawwe wollen hie. Men moast de dokuminten uterlik 1 maaie oanleverje. Men is by it gebrük fan Roundup fan 58 liter yn 2005 gien nei 250 liter yn 2006. De papieryn- samling is ek in stik minder wurden. Yn 2010 wurdt it set op 1400 ton, wylst dat yn eardere jier- ren sa'n 1 700 ton wie. Wethâlder Minkes: De provinsje hat it troch de fingers sjoen dat men de feiten net goed byhâlden hie Men hat yn febrewaris 2007 as ried dwaande west yn it ramt fan in startnotysje nrtiljeube- lied De wethâlder waard konfrontearre mei in 'weeffout' yn de organisaasje. It is regelmj.ttich Onderwerp fan petear yn it MO. Sy sil de fraach oangeande it miljeubeliedsplan meinimme nei it kolleezje Men krijt 24 juny in ynteressant foarstel oer in proef mei bûtenferljochting. Der komt m momint dat der in oanfraach foar wynmûnen komt en dan moat it antwurd dêrop yn in breder ramt stean. In goed miljeubelied moat ek út de minsken seis komme. Der komt ek âldpapier fia in oar sirkwyt binnen. Dat punt sil noch útsocht wurde. Der is in diskusje oer it gebrük fan Roundup. Wol men it túch op in oare wize bestride dan soe men dêroer in op in oar momint in diskusje fiere moatte. De fragen oer it ferskil yn gebruk fan Roundup sille útsocht wurde. Wethâlder Van der Meulen: Neffens him is men nei 2005 oerstapt fan boarstels nei gemyske middelen. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.13 Foarstel om de gemeentlike havens en oanlisplakken earst yn eigen behear te eksploi- De hear De Jong (PvdA): Het is in dit voorstel onderbouwd waarom het voor de gemeente voor deliger is om het op deze manier (in eigen beheer) te doen. Niet elke liggeldophaler hoeft volgens de PvdA de functie van havenmeester te hebben. Aan zo n persoon worden toch ook andere eisen gesteld? Waarom is de aanstelling voor een jaar? Wat ge beurt er na het vaarseizoen? Wordt er geworven onder mensen met een uitkering? De hear Hemminga (GB): Is it permanint de bedoeling dat de funksjes sa ynfolle wurde? De hear Van der Sluis (VVD): De 85.000 euro is ynklusyf btw. By de oare bedraggen stiet wer neat oanjûn. By de ynkomsten is ek gjin btw oanjûn. Hy soe dêr mear dúdlikheid oer hawwe wol- Ie. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat deselde fraach as de hear De Jong oft de jildopheller ek de ha- venmaster is. Aquamarina helle earst de havenjilden op. Hoe is dat dit jier bard? Wethâlder Van der Meulen: Men hat gjin havenjild lizze litten. It stik hie earder by de ried lizze moatten Dit jier docht men it noch seis en men krijt noch in stik oft men it op termyn ek noch as gemeente dwaan moatte soe. No hat men yn alle gefallen seis noch ynkomsten en kin men noch wat oan it ûnderhâld dwaan. Deselde dy't it jild ophellet, is ek havenmaster. Sa'n persoan hat ek in soart ambassadeursfunksje. It is sleau dat de btw hjir wer net konsekwint oanjûn is. It s.l foar de folgjende riedsgearkomste oanjun wurde. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Men wurdt achterôf wer konfrontearre mei in stik der t de utfiering al fan rint. Men moat dêr sekuerder mei omgean. Pagina 17 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10]uny 2008/odab/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 21