BOARNSTERHIM Griffy Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 24 juny 2008 om 13.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, J.W. de Visser, B. de Jong, H. Vellinga en R. van der Woude fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen A.J. de Vries en D. van der Meulen Fan de jongereinried: Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) 1. ALGEMIEN 11 lepenje De foarsitter iepent de gearkomste en hyt alle oanwêzigen wolkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Er is een gewijzigd voorstel van de voorjaarsnota uitgedeeld, waarvan men voor eerst kennis kan nemen. Agendapunt 3.2 is geen meningsvormend stuk maar een informerend stuk en wordt daarom als 2.5 op de agenda geplaatst. De hear Seldenrust (FNP): Freget oft it mooglik is oft de belanghawwenden (camping Tusken de Marren) ek ynsprekke kinne op 2.2. Der hat wat miskommunikaasje west. De FNP soe graach wolle dat de minsken de gelegenheid krije om har miening kenber te meitsjen. De foarsitter: Zij wijst erop dat de raad de afspraak heeft gemaakt dat men bij informerende stukken geen inspraakmogelijkheid heeft. Mefrou Dekker (PvdA): Der hat yndied gjin goede kommunikaasje west. Sy hat seis mei guon minsken praat en dy wisten ek dat men net ynsprekke koe. Men hat der lykwols mei oare riedsleden krekt foar de gearkomste oer praat en mei it each op de grutte belangstelling op de publike tribune soe sy dan ek foar in útsûndering pleitsje wolle. De hear Hemminga (GB): Hy soe op grûn fan deselde argumintaasje wol in útsûndering meitsje wolle. De foarsitter: Stelt vast dat de raad ermee instemt dat er mogelijkheid voor inspraak is. Dit zal plaatsvinden aan het begin van het informerende deel. 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 juny 2008/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 27