pleksen sille dus jierliks aktualiseard wurde. De ynkomsten falie yndied wat óf. By Frisia is men fia akwysysje dwaande om dêr in slach te meitsjen. Men hat de provinsje de fraach oer de ferromming noch net foarlein. De wetterbûne komponint sil fansels net loslitten wurde, mar men soe ek fan in miks útgean kinne. De ynskatting oangean- de planskea is noch út de âlde rûzings fuortkommen en dêrby is men fan it meast negative sena- rio útgien. Op de kompleksen hat men bepaalde resultaten en dy binne yn plussen en minnen tsjjn inoar oerset. Der wurdt by subsydzjes altyd achteróf sjoen oft men oan de foarwearden fol- dien hat en dat moat men foar Spikerboor noch ófwachtsje. It hie better west dat it earst yn de grûnkommisje behannele wie, mar de planning makke it les- tich om it earst yn de grûnkommisje te behanneljen. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat it ek mist op de eardere aginda's fan de grûnkommisjes. It stik hie dêr earst thúsheard. Wethâlder De Vries: Dêr is hy it wol mei iens. Men koe it lykwois yn de planning net foar elkoar krije. It punt sil yn de grûnkommisje ek nochris oan de oarder steld wurde. Twadde termyn De hear Vellinga (PvdA): Sprekt syn tank dêrfoar út dat it stik der no leit. De hear Bouma (VVD): De VVD is ek wiis mei it stik. Moat men net ta nei in reserve fan it grûn- bedriuw? Men moat it neffens him net nei ynsidinteel ûnfersjoen ferrinne litte. Wethâlder De Vries: It kolleezje hat dat oars sjoen. Hy wol dy suggestje lykwois yn de grûnkom- misje noch wolris beprate. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel bedriuwenterrein Reduzum Mefrou Dekker (PvdA): Men is al 4 jier dwaande mei it bedriuweterrein. De PvdA hat der altyd in grut foarstanner fan west om sa'n terrein dêr oan te lizzen. It kin net trochgean troch it nije streekplan. As men dêr tsjinyn gean wol dan komt der in tige omslachtige proseduere út fuort. Guon bedriuwen wolle neffens har ek wol nei in oar plak en ek PB soe der wol achter stean kinne dat men de plannen fierder net trochset. Neffens in mail soe de wethâlder fine dat de ried net folie op hawwe soe mei it streekplan en de romtelike kwaliteit. Dêr soe sy graach in reaksje fan de wethâlder op hawwe wolle. De PvdA kiest foar opsje 2. De hear Hemminga (GB): It hat gjin sin mear om foar opsje 1 te kiezen. De fraach is hoe it safier kommen is. Hy komt ek op de útspraak yn de mail werom dat it kolleezje altyd sa helder kommu- niseard hat. Dat fernuvert him bot. Hy miende dat wethâlder De Vries en Van der Meulen doe- destiids as riedslid altyd foar it bedriuweterrein wienen. It is spitich dat it sa ferrûn is. De hear Van der Sluis (VVD): It hat no gjin nut mear om in kar te meitsjen. De wethâlder hat it ferprutst. De gemeenteried en de foarige wethâlder stienen achter it bedriuweterrein. Neffens it âide streekplan koe it wol. Yn it antwurd fan de provinsje siteart de deputearre de wethâlder. De opdracht fan de ried om mei in positive ynstelling it fersyk by de provinsje del te lizzen, is troch de wethâlder net útfierd. Troch de achterdoar is ynflústere wat men sizze moast. De hear Seldenrust (FNP): It is in treurnis. In mooglike oplossing soe wêze kinne dat wethâlder Minkes Ontkent dat sy yn de mail net goed werjûn is. Sy hat har lykwois nea posityf oer it plan útlitten. It is spitich dat it sa rûn is en dat it kolleezje de léste twa jier der sa negatyf mei omgien Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24juny 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 33