west fan stikken west mei it amtlik apparaat. Men hat de inisjatyfnimmers meidield dat it oan de provinsje foarlein is en dêroer wie dus gjin oerlis mei de inisjatyfnimmers. Ald-wethâlder Bouma sei dat de provinsje posityf wie. De provinsje kin pas definityf in útspraak dwaan as der in foarstel leit. Men mocht der lykwols fan útgean dat men posityf dêrfoaroer stie. Hy refereart dêrby oan in stik yn de Ljouwerter Krante fan oktober 2004. Men woe as inisjatyf nimmers seis ek easken stelle oan de lânskiplike ynpassing. Foar it doarp it it ferskriklik as der gjin bedriuwichheid mear is. En leefberheid is dochs ek in wichtich item fan it streekplan? De ôf- stân fan 500 m en de oare neamde saken binne net troch de inisjatyfnimmers oanjûn. Mefrou Dekker (PvdA): De diskwalifikaasje yn de mail oangeande de ried treft har tige. Is it kol- leezje op 'e hichte fan it mailtsje en wat fynt men dêrfan? Sy hat der in behoarlike kater oan oer- hâlden. Der is neffens har net alles op alles set om de winsk fan de ried út te fieren. De hear Hemminga (GB): Is it iens mei mefrou Dekker. It moast op in positive wize nei de pro vinsje oerbrocht wurde en dat liket der neffens de mail net op. De hear Bouma (VVD): Hy kin him dêrby oanslute. Yn septimber 2004 hawwe ried en kolleezje hiel posityf op it fersyk reageard. Neffens it kolleezje wie it wichtich foar de leefberheid fan it doarp. De ried woe it op in positive wize nei foaren bringe, mar dat hat by wethâlder Minkes nea it gefal west. PB hat in listke tastjoerd watfoar maatskiplike gefolgen it hawwe soe oft it bedri- uweterrein der net komme soe. Hy bringt noch yn it sin dat it ynterpellaasjefersyk oer it bedriuweterrein fan de VVD doedestiids troch de ried ôfwiisd is. It kolleezje soe har skamje moatte foar de gong fan saken. De hear Seldenrust (FNP): Hy kin him wol foarstelle dat de PvdA oangeande de mail mei krûme teannen oan de tafel sit. Men is eins it stadium fan de realisaasje fan it bedriuweterrein al foarby. Hy hat fan de wethâlder in protte moaie wurden heard, mar hy hat gjin inkeld gefoel fan spyt of ekskús fernommen. De tekst fan de mail hâldt yndied in diskwalifikaasje fan de ried yn. Wat tinke de oare kolleezjeleden dêrfan? Mefrou Meinderts (CDA): It jout neffens har net safolle dat men no op details yngiet. Men moat op in positive wize mei lytsskalige bedriuwen omgean. De hear Bouma (VVD): Men hat as opposysje in ynterpellaasjefersyk ynstjinne en doe hie men der oer prate kinnen. Mefrou Meinderts (CDA): Sy wiist derop dat it CDA de moasje wol stipe hat. De hear Bouma (VVD): Dat is sa, mar it ynterpellaasjefersyk hat men net stipe. De hear Seldenrust (FNP): It giet de FNP derom hoe't de wethâlder mei de winsken fan de ried omgiet. Wat fynt mefrou Meinderts dêrfan? Mefrou Meinderts (CDA): Sy fielt har net sa bot troch sa'n mailtsje oansprutsen. 'Wie de schoen past, trekke hem aan.' Wethâlder Minkes: Sy nimt it neffens har wol op foar de ried, mar sy hat wol altyd wiisd op de rol fan it iepen lânskip. Sy fûn net dat sy it minne nijs nei de inisjatyfnimmers oerbringe moast. Sy fynt it spitich is dat de mail de yndruk jout dat sy de ried net serieus nimme soe. Sy is foar bedriuwichheid nei aard en skaal by de doarpen. Mefrou Meinderts (CDA): Sy hopet dat men dan wol har bést docht foar de fikser yn Reduzum. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 juny 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 35