Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): Yn de nota 2007 stiet dat de grêfromte yn Jirnsum beheind is. Is PB Jirn- sum dêrfan op 'e hichte brocht dat it ferskood wurdt? De hear Zijlstra (CDA): Fersmoarging kin neffens him ta klasse V gean. Binne der noch mear fan sokke plakken dy't oanpakt wurde moatte? De beammen by it begraafplak yn Aldeboarn moatte yndied oanpakt wurde. Wethâlder Van der Meulen: Hy wit net oft PB Jirnsum op 'e hichte brocht is. As in feart fol sit dan sil men baggerje moatte. De measte oerstoarten binne saneard, mar hy het net skerp yn byld hoe dat eksakt sit. Yn it GRP is dat wol yn te sjen. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is noch net mei punt 4 en 5 akkoart. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar it pleatsen fan in opslachloads op it perseel Warstienserdyk 1 yn Wergea mei tapassing fan in frijstellingsprosedue- re op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de WRO. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA kin har net yn de arguminten by it foarstel fine. Dat de under- nimmer gjin gebruk makke hat fan de mooglikheid fan ynspraak by it bestimmingsplan is bygelyks gjin goed argumint. Boppedat kinne der altyd oanfragen ta wiziging komme. De plannen foar in promenade binne prematuer en oars soe dy ek wol op in dykje neist it bedriuw oanslute kinne. It is in meganisaasjebedriuw en gjin leanmeganisaasjebedriuw. De nije masines kinne under dak stean en hâlde dêrtroch in bettere wearde. De loads stiet net oan it wetter. It argumint is fan planskea giet neffens har net op omdat it op oanfreger ferhelle wurde kin. Wêr soe it bedriuw oars hinne moatte? It CDA fynt de arguminten dan ek net sa swier dat der gjin meiwurking jun wurde kin. De hear Van der Sluis (VVD): Men wie 10 jier lyn wakker bliid dat it bedriuw nei it plak ferpleatst wurde koe. By masines yn in loads hat men minder fersmoarging. De loads komt 50 m fan de feart óf te stean en it oare wetterke is in dearinnend sleatsje. De buorlju oan de eastside wurde ek op gjin inkelde manier yn it útsicht belemmere. De VVD fynt dat der in artikel 19, lid 1 prose- duere opstart wurde moat en dat de gemeente dêr posityf foaroer stean moat. De hear Riemersma (FNP): Hy hat sawol de arguminten fan de gemeente as fan de oanfreger lé zen. It argumint dat men it oan de feart iepenhâlde wol, sprekt him wol oan, mar hy fynt dy ops- je net sa reëel want de grûn is net fan de gemeente. Yn de opfeart/sleat oan de achterkant kin men net mei in boat komme. Hy fielt mear foar de arguminten fan de oanfreger as foar dy fan de gemeente. De hear Hemminga (GB): Men wurdt faker mei sokke problemen oangeande de ynspraak fan bes- timmingsplannen konfronteard. Hoe folgje boargers wat der yn de gemeente besletten wurdt? It is dan ek in formeel argumint fan it kolleezje dat de oanfreger net fan de ynspraak gebruk makke hat by de fêststelling fan it bestimmingsplan. Men moat sjen wat wichtich is foar it bedriuw en oft men dêr oan meiwurkje wol. Wethâlder Minkes: Men leit in filosofy fêst yn it bestimmingsplan. Sy hat op it plak west. Men hat oan de oanfreger foarlein om de loads oan de oare loads fêst te bouwen. Dat wie foar him gjin opsje. Mefrou Meinderts (CDA): Dan soe men ek in obstakel fan de kant fan it wetter krije. Pagina 11 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 ]uny 2008/odab/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 37